Eindexamen Fries havo 2025, tijdvak 1: vragen en antwoorden

Alle vragen met het antwoord uit het correctievoorschrift. Opgaven: Tekst 1 Lykas Grutte Pier: ‘Ik rêd mysels wol.’, Tekst 2 Jongeren moatte harren eigen ynfloed net ûnderskatte.

Kort antwoord

Het centraal examen Fries havo 2025, tijdvak 1 telt 36 vragen. Alle vragen vallen onder lezen. De opgaven en het correctievoorschrift staan op examenblad.nl. Met ToetsChecker maakt een klas het examen op papier en doet het AI-model per vraag een nakijkvoorstel met feedback, dat de docent controleert en vrijgeeft.

Onderwerpen in dit examen

Alle 36 vragen van dit examen vallen onder lezen. Bij dit vak toetst het centraal examen één vaardigheid; de verschillen zitten in de teksten en de vraagsoorten.

Opgaven en correctievoorschrift

De documenten staan op examenblad.nl, de officiële site van het College voor Toetsen en Examens. ToetsChecker haalt ze daar op als je het examen in de vragenbank kiest.

Oefenen als leerling

Een oud examen maken is de beste voorbereiding, maar zonder nakijken weet je niet waar je punten verliest. Met ToetsChecker maak je het examen Fries havo 2025, tijdvak 1 op papier, net als het echte examen, of online als je docent het digitaal klaarzet. Het AI-model kijkt het na volgens het officiële correctievoorschrift. Zodra je docent het resultaat vrijgeeft, zie je per vraag wat goed was en wat er ontbrak.

Nakijken als docent

  1. Start gratis vanaf deze pagina

    Maak een gratis account vanaf deze pagina, dan staat het examen Fries havo 2025, tijdvak 1 meteen voor je klaar als correctiemodel, met alle vragen en het correctievoorschrift. Dat kost geen credits.

  2. Laat de klas het examen maken

    Op papier, zoals het echte examen: je scant de stapel in één keer of mailt de scan naar je scanadres. Of online, als digitale toetsafname met toezicht; de opgavetekst staat dan als bron bij elke vraag. Afbeeldingen uit het examen gaan niet mee, die staan in de PDF van de opgaven.

  3. Geef de resultaten vrij

    Het AI-model kijkt elk examen na volgens het correctievoorschrift en schrijft feedback per vraag. Bij een oefenexamen geef je alles in één keer vrij; bij een toets die meetelt loop je het voorstel eerst na. De leerling ziet het resultaat pas na jouw vrijgave.

ToetsChecker is geen examensite: je kijkt er ook je eigen SO's, proefwerken, praktische opdrachten en verslagen mee na, handgeschreven of digitaal, met jouw correctiemodel en feedback per vraag. Een gratis account heeft alle functies en 200 credits per maand, genoeg om ongeveer 100 toetsen te laten nakijken. Maak een gratis account of lees eerst hoe het nakijken werkt.

Vragen en antwoorden

Hieronder staan de opgaven en vragen van het examen Fries havo 2025, tijdvak 1. Onder elke vraag klap je het antwoord uit het correctievoorschrift open. Probeer de vraag eerst zelf.

Tekst 1 Lykas Grutte Pier: ‘Ik rêd mysels wol.’

Yn neat is filmmakker Steven de Jong tsjin te hâlden. As er wat yn de kop hat, dan sil it ek oangean. Is it hjoed net, dan moarn. Sa is it ek mei syn nijste film Grutte Pier. Al mear as in fearnsiuw hat dat in doel west. No hat de film de premjêre belibbe. Makke mei eigen jild.

(1) Ryk wurde fan in film? “Gjin
kâns”, seit de Fryske filmmakker
Steven de Jong, bekend fan sukses-
films lykas De Kameleon, yn 2003
5 en 2005 meast besocht yn de bio-
skoop. Sûnder stipe is produksje fan
in film eins net mooglik. “Sa no en
dan slagget it, mar it gros fan de
Nederlânske films kin lang net út.” It
10 is hiel wat oars as de wrâld fan
‘glitter en glamour’, is de warskô-
ging. Der is yn teory no mear stipe
foar kultuer yn al syn foarmen, mar
foar de makkers is it wrakseljen.
15 “Fansels by de premjêre is it alle-
gear prachtich. En ek yn de brosjue-
res om te partisipearjen yn in film.
Moaie blabla. Ik fertel leaver it echte
ferhaal. Dan kin ik de minsken wer
20 ûnder eagen komme.”
(2) Mei de troch himsels oprjochte
Stichting FilmAmbassade besiket
Steven de Jong om syn eigen kroa-
de te kroadzjen. “Dat is in groep fan
25 sa’n tritich minsken dy’t fleurich wur-
de fan it medium film en dat stypje
wolle”, fertelt er. It binne freonen,
sakelju en bedriuwen. Syn hoop is
dat de FilmAmbassade in klup fan
30 hûndert wurdt, allegearre op de ien
of oare wize filmleafhawwers. “Sy
litte my myn gong gean, sadat ik
mei film ferhalen fertelle kin.”
(3) In filmproduksje is net samar
35 wat. Al mei al binne der sa’n twa-
hûndert minsken mei dwaande. De
akteurs, mar ek de minsken foar de
kamera’s en it ljocht en de tee en
kofje. Alles freget omtinken. Mar yn
40 it earste plak giet it om it stik kreati-
viteit foar de film sels en hoe it fer-
haal te fertellen. “As ik yn in filmseal
sit, dan sjoch ik nei it publyk. De film
haw ik al tûzen kear sjoen, it giet my
45 om de kopkes. Hoe reagearje de
minsken? Sitte sy yn de film?”
(4) It meitsjen fan in Nederlânske
film kostet gemiddeld oardel miljoen
euro. Dat is grou jild dat net samar
50 weromfertsjinne is mei minsken dy’t
nei de filmseal komme. Dan moatte
der al mear as trijehûnderttûzen
kaartsjes ferkocht wurde, want de
helte fan de opbringst is foar de bio-
55 skoop. In poepetoer is soks, it is
slagge mei de films fan De
Kameleon, de earste kaam boppe
de 750.000 en de twadde boppe de
450.000 út. Foar de Fryske filmmak-
60 ker gjin jildpotten dêr’t er út gripe
koe. It ûntbrekt him oan fûnsen of
oerheden dy’t ree binne om him te
stypjen, oars as yn wurden. It paad
is him wol bekend op it Provinsjehûs
65 yn Ljouwert. De doarren stiene ie-
pen by de kultuerdeputearre en de
amtners. Meardere kearen is troch
Steven de Jong it pleit dien foar
stipe oan film, it medium dat him sa
70 nei stiet. Yn syn holle safolle ferha-
len te fertellen mei film, yn it bysûn-
der mei Fryske film.
(5) It is by wurden bleaun, de pro-
vinsje hat it yn de amtlike stikken
75 oer kultuer amper oer film. Twa film-
organisaasjes, Fries Film Festival
en New Nordic Wave, krije foar
meardere jierren stipe en dat jildt ek
foar it Fries Film Archief. Fierders is
80 der no in lanlike subsydzjepot dêr’t
filmmakkers sels ek fierder mei
kinne. Joris Hoebe fan New Nordic
Wave dreamt fan in ‘Hollywood oan
it Waad’. Alle miljoenen euro’s dy’t
85 beskikber kamen foar it Europeeske
projekt Kulturele Haadstêd 2018
soene moaie kânsen biede foar in
Frysk filmprojekt oer Grutte Pier,
betocht de filmmakker fan Hartwert
90 doedestiids. Hy seach it al hielendal
sitten. Mar nee, doe’t er him oppe-
nearre, wie it boadskip dat alle mil-
joenen al fersein wiene. It is foar in
protte kultuermakkers hiel dreech
95 om it paad te finen. Sy reitsje
bedobbe ûnder in nust regels op wei
nei de jildpotten. Allinnich de profes-
jonele kultuerbonzen witte ried en
hawwe in komfortabele posysje om
100 de jildpot te ferdielen en te hear-
skjen.
(6) Foar de produksje fan de film De
Kameleon aan de ketting hat Steven
de Jong in bydrage fan 230.000
105 euro krigen fan it Nederlands
Filmfonds. Soks is in stik bûter yn
de brij, mar och heden wat in
geregel en papierwurk om it safier te
krijen. Om al it geregel foar de
110 bydrage fan it Filmfonds betelje te
kinnen, hat de produsint de
saneamde ‘producersfee’ as troef
ynset. Dêrmei is dúdlik dat in grut
part fan de bydrage opgien is oan
115 advyskosten. “It is mei regels
fierstente yngewikkeld makke. Dat
kin net de bedoeling wêze. Dat is
fansels de wrâld op ’e kop, want
sa’n fûns is der om stimulânsen te
120 jaan en net allinnich oan grutte
partijen dy’t juristen oan it wurk
hawwe om saken te regeljen.”
(7) Steven de Jong sjocht himsels
yn de spegel. “Ik bin der net goed
125 yn, ik bin net diplomatyk genôch.
Moatst dat spultsje spylje kinne. Mar
as ik in oere om de tafel sit oer aller-
hande regels en wy hawwe it noch
mei gjin wurd hân oer myn plan, oer
130 it kreative, oer de film, dan is it my
oer. Ik tink al rillegau: ik rêd mysels
wol. Dat is wat ik ek it leafste doch,
dat jout frijheid en ûnôfhinklikheid.”
De filmmakker is ûnderwilens al
135 wend om te brekken mei wetten en
regels. In Fryske film, wa betinkt
soks? Tsjin alle advizen yn en fier-
ders amper minsken dy’t der op-
rjocht brea yn seagen, of in part fan
140 de finansiering op har nimme woe-
ne, is it him yn 1995 slagge om syn
earste film te meitsjen; ymprovisear-
jend en ûnortodoks hat er De
Gouden Swipe produsearre. Om
145 dêrfoar jild byinoar te krijen wie der
ûnder oaren in ferkeap fan lotten
mei de kâns op in echt hynder as
priis.
(8) As De Gouden Swipe klear is,
150 dan wit de filmmakker dat er nochris
in film meitsje sil oer Grutte Pier. “It
is in mytysk figuer. Dy man sprekt ta
de ferbylding, der binne safolle fer-
halen oer, wier en net wier. Grutte
155 Pier is sa’n ynspirearjend gegeven.
Kinst der safolle mei dwaan.” Lang
hat er ompankoeke mei syn dream
om in film te meitsjen fan de man
dêr’t de Friezen fan beare dat it in
160 moedige frijheidsstrider wie fan wa’t
oaren sizze dat it in wreedaardige
en bloedfergriemende piraat wie. No
moast it wêze, betocht er fjouwer
jier ferlyn. “Oars bin ik earder dea.”
165 (9) Steven de Jong brocht De
Gouden Swipe nei it folk en de min-
sken kamen massaal nei de film-
teäters en de doarpshuzen om te
sjen. Al mei al binne der sa’n 60.000
170 besikers teld, fier boppe it gemid-
delde dat trochstrings op Neder-
lânske films ôfkomt. Deselde formu-
le wurdt in fearnsiuw letter tapast by
syn nijste Fryske film Grutte Pier.
175 Dêrby giet de filmmakker sels ek de
boer op. As ambassadeur fan de
film fertelt er oer de produksje fan
de film en oer syn eigen passy.
Carla de Bruine sjongt de filmmuzyk
180 en fansels is de fertoaning fan
Grutte Pier der. Elk doarp kriget sa
fertier. In moanne nei de premjêre
binne de earste 10.000 besikers al
teld. Der is al in twadde diel yn it
185 foarútsjoch fan de trilogy oer Grutte
Pier. “Wêrom doch ik it allegear?”,
freget Steven de Jong himsels
meardere kearen ôf. Hy hat daliks it
antwurd: “Dit is myn libben. Ik lis it
190 mysels op. Ik wol mei film ferhalen
fertelle.” Op syn palmares¹⁾ hat er al
in lange list fan films. Hy hat sels al
in ferûntskuldiging en relativearring:
“Wat moat ik oars?”

noot 1 In palmares is in list mei prestaasjes.

Bert de Jong, de Moanne, december 2022

Vraag 1 1 punt

Hokker útspraak past it bêste by de ynlieding boppe de tekst?

  1. A It is in anekdoate oer Steven de Jong.
  2. B It is in gearfetting foarôf.
  3. C It is in yntroduksje fan it ûnderwerp.
  4. D It is in probleemstelling.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

“‘Sa no en dan slagget it’”. (r. 7 en 8)

Vraag 2 1 punt

Wêr slacht it wurd ‘it’ op werom?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Op it produsearjen fan in film sûnder stipe. (r. 6 en 7)

Yn alinea 1 hat Steven de Jong it oer it fertellen fan it ‘echte’ ferhaal.

Vraag 3 1 punt

Wat bedoelt Steven de Jong mei it ‘echte’ ferhaal?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Mei it ‘echte’ ferhaal doelt Steven de Jong derop dat it wrakseljen is om it meitsjen fan in film rûn te krijen. (r. 12-14)

“Lykas Grutte Pier: ‘Ik rêd mysels wol.’” (titel)

Vraag 4 2 punten

Sitearje de twa sinnen út de tekst oant en mei alinea 2 mei deselde betsjutting.

Bekijk het antwoord

• “Makke mei eigen jild.” (ynliedende alinea) 1

• “Mei de … te kroadzjen.” (r. 21-24) 1

Vraag 5 1 punt

Wat is it ferbân tusken de sin “In filmproduksje is net samar wat.” (r. 34 en 35) en it tekstpart “Al mei … freget omtinken.” (r. 35-39)?

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in konkludearjend ferbân.
  3. C It is in oanfoljend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 6 1 punt

Wêr soe Steven de Jong graach stipe yn de foarm fan jild wei hawwe wolle? Helje dyn antwurd út alinea 4.

Bekijk het antwoord

fûnsen (r. 61)

oerheden (r. 62)

Opmerking: In plaats van het tweede antwoordelement mag ‘provinsje’ ook goedgerekend worden. Het scorepunt alleen toekennen als beide antwoordelementen goed zijn.

“In poepetoer is soks”. (r. 55)

Vraag 7 1 punt

Lis út wat neffens Steven de Jong in poepetoer is.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: De produksjekosten dekke mei de opbringst út de kaartferkeap. (r. 49-55)

Om de plannen fan Steven de Jong konkreet te meitsjen is der jild nedich. Dat kriget er net.

Vraag 8 1 punt

Wat kriget Steven de Jong neffens alinea 5 al dêr’t er net fierder mei kin? Sitearje it wurd.

Bekijk het antwoord

“wurden” (r. 73)

Vraag 9 2 punten

Wêr komt it subsydzjejild wei dat yn alinea 5 op it aljemint komt?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

• fan de provinsje (rjochting Fryske filmorganisaasjes/Fries Film Festival, New Nordic Wave en Fries Film Archief) (r. 75-79)

• út in lanlike subsydzjepot (foar filmmakkers) (r. 79-82)

• fan (it Europeeske projekt) Kulturele Haadstêd 2018 (r. 84-86)

indien drie antwoorden goed 2; indien twee antwoorden goed 1; indien minder dan twee antwoorden goed 0

“bedobbe ûnder in nust regels”. (r. 96)

Vraag 10 1 punt

Hokker foarm fan byldspraak wurdt dêr brûkt?

  1. A ferliking
  2. B metafoar
  3. C metonymia
  4. D personifikaasje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

“Dat is fansels de wrâld op ’e kop”. (r. 117 en 118)

Vraag 11 1 punt

Op hokker probleem doelt Steven de Jong mei dy útspraak?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: It kostet in soad jild om jild los te krijen. (r. 113-116)

Vraag 12 1 punt

Wat kin Steven de Jong hiel min berikke as er mei partijen yn see giet foar it stypjen fan in filmproduksje?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: It binnenheljen fan jild (fia fûnsen). (r. 123-131)

Vraag 13 2 punten

Sitearje de beide sinparten dy’t it hâlden en dragen fan Steven de Jong werjouwe. Helje dyn antwurd út alinea 7.

Bekijk het antwoord

• “(te) brekken mei wetten en regels” (r. 135 en 136) 1

• “ymprovisearjend en ûnortodoks” (r. 142 en 143) 1

Vraag 14 1 punt

Wêrtroch wie it foar Steven de Jong dreech om syn earste film te meitsjen? Jou de twa redenen.

Bekijk het antwoord

Der wiene (hast) gjin minsken dy’t der brea yn seagen. (r. 137-139)

Der wiene (hast) gjin minsken dy’t de finansiering op harren nimme woene. (r. 139-141)

Opmerking: Het scorepunt alleen toekennen als beide antwoordelementen goed zijn.

Vraag 15 2 punten

Wêrom wol Steven de Jong in film meitsje oer Grutte Pier? Jou de twa redenen.

Bekijk het antwoord

• Grutte Pier sprekt ta de ferbylding. (r. 152 en 153) 1

• Grutte Pier is in ynspirearjend gegeven. / Kinst safolle mei Grutte Pier dwaan. (r. 154-156) 1

Vraag 16 1 punt

Beskriuw hoe’t Steven de Jong jild ynsammele foar De Gouden Swipe.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Hy sammele jild yn foar De Gouden Swipe troch (ûnder oaren) lotten te ferkeapjen (mei kâns op in echt hynder as priis). (r. 143-148)

Vraag 17 1 punt

Beskriuw hoe’t Steven de Jong reklame makke foar syn films.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Hy makke reklame foar syn films troch sels de boer op te gean/nei de minsken ta te gean/oer de produksje en syn passy te fertellen. (r. 165-174)

De tekst kin opdield wurde yn trije parten:

  • Part 1: De filmwrâld mei alles deromhinne.
  • Part 2: De jildstreamen yn en om de filmwrâld hinne.
  • Part 3: De Fryske films fan de hân fan Steven de Jong.

Vraag 18 1 punt

By hokker alinea begjint part 2?

  1. A alinea 3
  2. B alinea 4
  3. C alinea 5
  4. D alinea 6
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan

  • 1. feiten
  • 2. syn eigen miening
  • 3. mieningen fan oaren

Vraag 19 1 punt

Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?

  1. A fan 1 en 2
  2. B fan 1 en 3
  3. C fan 2 en 3
  4. D fan 1, 2 en 3
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 20 1 punt

Ta watfoar tekstsoarte heart dizze tekst benammen?

  1. A redenearring
  2. B skôging
  3. C útiensetting
Bekijk het antwoord

Antwoord: A

A

Tekst 2 Jongeren moatte harren eigen ynfloed net ûnderskatte

De learlingen fan CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne krije trije dagen takomstles. “Ik wol se sjen litte dat de takomst net fêstleit, mar dat der wat te kiezen falt”, fettet skriuwer en ‘takomstdosint’ Mark Boode (56) de lessen gear.

(1) “De brief dy’t Hanna Sixma fan
Kristlik Gymnasium Beyers Naudé
yn Ljouwert foar de skriuwwedstriid
fan ‘Nieuws in de klas’ skreau en
5 dêr’t se yn frege om takomstles, rek-
ke my”, seit Mark Boode. “Ferbjus-
terjend dat sy freegje moat om yn-
formaasje oer de klimaatkrisis. Dat
betsjut dat it ûnderwiis dat no ûnfol-
10 dwaande biedt.”
(2) Begjin 2023 publisearre Amster-
dammer Boode syn nije jeugdroman
Winnen van de wereld, oer in fyftjin-
jierrige klimaataktiviste. Hy is skriu-
15 wer en sprekker, mar oant koartlyn
ek dosint en ien fan de oprjochters
fan Teachers for Climate. Dy groep
learaen pleitet foar duorsumens as
ûnderdiel fan alle skoalfakken. Mei
20 dy lessen dy’t er begjin nije wike nei
oanlieding fan syn boeken oan CSG
Ulbe van Houten jout, wol er jonge-
ren derfan bewust meitsje dat de ta-
komst gjin gegeven is dat fêstleit en
25 dat der meardere takomsten moog-
lik binne dy’t derfan ôfhingje hoe’t
wy kieze. “By it wurd takomst tinke
wy al gau oan saken as science
fiction, Artificial Intelligence (AI) en
30 klimaatferoaring, mar net oan
hokker oplossingen oft wy foar de
hjoeddeistige swierrichheden kieze
kinne.”
(3) In ienfâldige fraach dy’t er de
35 learlingen stelle sil, is hoe âld oft sy
yn 2090 binne. “Sa’n fraach makket
dúdlik hoe tichtby oft de takomst is.
Dan binne de jongeren tachtich en
is de kâns grut dat hast alle klasse-
40 genoaten dan noch libje. In oare
fraach is yn hokfoar wrâld oft sy dan
libje wolle. “Ast yn in klasse fregest
‘wêr wurdst lokkich fan’, dan is dat
praktysk altyd werom te bringen ta
45 freonskip, sûnens en in griene leef-
omjouwing. Dêrnei wol ik mei harren
neitinke hoe’t wy de takomst yn-
rjochtsje kinne om mear tiid foar
freonen te hawwen en libje te kin-
50 nen yn in griene omjouwing. Sa wol
ik jonge minsken prikelje dat it ek
oars kin.”
(4) Neffens Boode beseffe wy te min
dat de wrâld dêr’t wy yn libje gjin ge-
55 geven is, mar in produkt fan hoe’t yn
it ferline keazen is. “Dat sjochst
werom yn it ûnderwiis. By ekonomy-
lessen is it kapitalistyske stelsel út-
gongspunt en heart ekonomy te
60 groeien. Mar dat systeem is in kar.
Wy kinne ek kieze foar koöperative
bedriuwen en grûn net as priveebe-
sit te beskôgjen, mar as eat fan ús
allegearre.” Hy set fraachtekens by
65 de ynstek dat ûnderwiis jongeren op
de maatskippij tariede moat. “Jonge-
ren binne al ûnderdiel fan de mien-
skip, sy kinne dus al kieze. Ut sa’n
brief fan Hanna docht bliken dat it
70 ûnderwiis harren ûnfoldwaande
ynformaasje jout om te kiezen.”
(5) De hjoeddeiske generaasje
jongeren kriget mei de gefolgen fan
de klimaatkrisis te meitsjen. Mar sy
75 hawwe sels net folle hannelingsper-
spektyf. “As âlden in fleanfakânsje
nei Grikelân boeke, dan kinst as
fjirtjinjierrige net sizze: ‘Ik gean net
mei’. Mar jongeren kinne wol deeglik
80 ynfloed útoefenje. Doe’t ús âldste
dochter acht wie, woe se gjin fleis
mear ite. Sy fûn it net allinnich be-
grutlik foar de bisten, mar hie ek oer
de bioyndustry en it klimaat lêzen.
85 Wy pasten ús sa oan dat sy sûnder
fleis ite koe, mar de rest gie al troch
mei fleisiten. Stadich mar wis pasten
wy ús ytgewoanten hieltyd mear oan
op iten sûnder fleis en no bin ik, dy’t
90 altyd graach in stikje fleis mocht,
fegetariër. Dy iene stap fan ús doch-
ter hie folle mear effekt as dat sy
gjin fleis mear iet.”
(6) Hy yt sa no en dan fisk. “In in-
95 kelde kear in hjerrinkje fyn ik wol
hiel lekker. Mar as ik tsjintwurdich in
broadsje hjerring yt, dan tankje ik de
fisk wat er foar my docht. It klinkt
mooglik gek, mar sa’n lyts gebeart
100 ferbynt dy mei de wrâld om dy
hinne. Do wurdst dy bewust fan it
nut om foar de oseaan te soargjen,
want sûnder in sûne see gjin fisk.”
(7) Syn takomstlessen binne neffens
105 Boode gjin yndoktrinaasjekursussen
duorsumens. “Der sil mooglik sprake
wêze fan spanning as in Amster-
dammer op in skoalle yn Fryslân oer
duorsumens komt te praten. Mar ik
110 wol benammen ynformaasje oanrik-
ke, jongeren gearhing ûntdekke litte.
Nim bygelyks stikstof. Tefolle derfan
hat ynfloed op de fegetaasje fan it
dúngebiet yn Noard-Hollân. It woar-
115 telstelsel fan dy plantsjes hâldt folle
minder it dúnsân fêst, sadat der op
termyn gatten yn de wetterkearing
falle. Dat is gjin moai nijs, mar do
moatst der al earlik oer wêze. Sa
120 witst wêr’tst yn de takomst op stjoe-
re moatst.”
(8) Dat by diskusjes oer takomst en
klimaat de emoasjes heech oprinne
kinne, fynt Boode net sa frjemd.
125 “Mar lit ús net oer inoars takomst-
byld oardielje. Myn takomstbyld mei
oars wêze as dat fan in oar. Wy
hoege net nei konsensus te stribjen.
Wy moatte al sykje om ferbining en
130 romte biede foar inoars opfettingen.”
(9) De polityk doart de lêste desen-
nia de kiezer net mei ferfelende fei-
ten te konfrontearjen. Sa steapelen
de problemen harren allinnich mar
135 op. “De wrâld stiet foar grutte útda-
gingen. De omslach dy’t nedich is
om de ierde leefber te hâlden sil net
sûnder pine gean. Mar wês dêr as
oerheid earlik oer, jou ta dat der
140 pinepunten binne en bied minsken
perspektyf, begelied se yn de om-
slach.”
(10) Mei iepene en earlike petearen
komme faak goede en kreative idee-
145 en boppedriuwen, is de ûnderfining
fan Boode. Sa spruts in bewenner
fan de Schilderswijk yn Den Haag
op in gearkomste oer enerzjy-
earmoede syn fernuvering út dat
150 minsken út syn wyk yn it ramt fan
earmoedebestriding radiatorfoly en
in wetterbesparjende dûskop kado
krigen. “Wat falt der te besparjen as
de termostaat al op 17 graden
155 stiet?” It enerzjyprobleem siet nef-
fens de man by de grutte ferbrûkers,
de riken yn fillawiken. “Wêrom wurdt
der gjin rykdomkonferinsje yn
Bloemendaal holden?” frege er him
160 ôf. Dat fyn ik kreatyf takomsttinken:
gjin earmoede- mar rykdomskonfe-
rinsje. As ik takom wike mei learlin-
gen op sokke kreative ideeën kom,
dan bin ik in bliid minske. Takomst-
165 tinken is nije ferhalen fertelle.”

Theo Klein, Friesch Dagblad, 13 oktober 2023

Vraag 21 1 punt

Hoe lûkt de skiuwer yn de ynlieding en alinea 1 de oandacht?

  1. A troch in saakkundige op it mêd fan takomstlessen te yntrodusearjen
  2. B troch in útlis te jaan fan de takomstlessen
  3. C troch it jaan fan de oanlieding ta it meitsjen fan de takomstlessen
  4. D troch it jaan fan in gearfetting foarôf
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Vraag 22 1 punt

Hoe kin it neffens Mark Boode dat hy lessen jaan moat oer de klimaatkrisis?

  1. A Omdat de learlingen der neffens him om frege hawwe.
  2. B Omdat hy fynt dat duorsumens ûnderdiel wêze moat fan it ûnderwiis.
  3. C Omdat hy fynt dat it takomsttinken feroare wurde moat.
  4. D Omdat it ûnderwiis dêryn neffens him tekoart sjit.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 23 1 punt

Wêrom is neffens Mark Boode de takomst gjin gegeven dat fêstleit? Helje dyn antwurd út alinea 2.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Omdat hoe’t wy no kieze ynfloed hat op hoe’t de takomst derút sjocht. (r. 19-27)

Opmerking: Uit het antwoord moet blijken dat er gekozen kan worden.

Yn alinea 2 pleitsje de Teachers for Climate foar duorsumens as ûnderdiel fan alle skoalfakken.

Vraag 24 1 punt

Sitearje it tiidwurd út alinea 2 dat as grûnslach jildt fan alle ûntwikkelingen op it mêd fan duorsumens.

Bekijk het antwoord

“kieze” (r. 27) of “kieze” (r. 32)

Vraag 25 1 punt

Wat is it ferbân tusken it tekstpart “In ienfâldige … griene omjouwing.” (r. 34-50) en de sin “‘Sa wol … oars kin.’” (r. 50-52)?

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in konkludearjend ferbân.
  3. C It is in opsomjend ferbân.
  4. D It is in redenjaand ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Yn alinea 4 jout Mark Boode oan dat er bewiis hat dat alle mooglikheden en karren net dúdlik en helder binne foar learlingen út it fuortset ûnderwiis.

Vraag 26 1 punt

Sitearje it sinpart út alinea 4 dat foar Mark Boode oantoant dat er it by it rjochte ein hat.

Bekijk het antwoord

“‘(Ut sa’n) brief fan Hanna’” (r. 68 en 69)

Vraag 27 1 punt

Hokker tuskenkopke jout de kearn fan alinea 4 it bêste wer?

  1. A Fraachtekens
  2. B It ûnderwiis
  3. C Jongeren
  4. D Karren meitsje
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

“Mar sy hawwe sels net folle hannelingsperspektyf.” (r. 74-76)

Vraag 28 1 punt

Hâld dy útspraak stân yn alinea 5? Motivearje dyn antwurd.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Nee, letter yn alinea 5 docht bliken út it foarbyld fan de dochter fan Mark Boode dat jongeren al ynfloed hawwe (kinne).

Opmerking: Het scorepunt alleen toekennen als het antwoord ‘nee’ en de motivatie beide goed zijn.

Aanvulling op het correctievoorschrift 2025-1: bij deze vraag luidt de opmerking ‘nee’ (niet ‘ja’).

“‘Mar as ik tsjintwurdich in broadsje hjerring yt, dan tankje ik de fisk wat er foar my docht.’” (r. 96-98)

Vraag 29 1 punt

Watfoar argumint brûkt Mark Boode foar it betankjen fan in fisk?

  1. A emosjoneel
  2. B empirysk
  3. C feitlik
  4. D moreel
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 30 1 punt

Hokker kopke past it bêste boppe alinea 7?

  1. A Dúngebiet
  2. B Yndoktrinaasje
  3. C Ynformaasje
  4. D Stikstof
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

“‘Dat is gjin moai nijs’”. (r. 118)

Vraag 31 1 punt

Hokker stylfiguer sit yn it boppesteand sitaat?

  1. A eufemisme
  2. B hyperboal
  3. C paradoks
  4. D pleonasme
Bekijk het antwoord

Antwoord: A

A

Vraag 32 1 punt

Sitearje it wurd út alinea 7 dat itselde karakter hat as “Dat by diskusjes oer takomst en klimaat de emoasjes heech oprinne kinne, fynt Boode net sa frjemd.” (r. 122-124)

Bekijk het antwoord

“‘spanning’” (r. 107)

Vraag 33 1 punt

Hokker kopke past it bêste boppe alinea 9?

  1. A Earlik wêze
  2. B Ferfelende feiten
  3. C Grutte útdagingen
  4. D Perspektyf biede
Bekijk het antwoord

Antwoord: A

A

“It enerzjyprobleem … him ôf.” (r. 155-160)

Vraag 34 1 punt

Wêr is boppesteand sitaat neffens Mark Boode in foarbyld fan?

  1. A enerzjyearmoede
  2. B fernuvering
  3. C kreatyf wêze
  4. D rykdomskonferinsje
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

De titel fan de tekst is: “Jongeren moatte harren eigen ynfloed net ûnderskatte.” Yn alinea 5 wurdt in foarbyld jûn fan dy eigen ynfloed fan in jongere.

Vraag 35 1 punt

Yn hokker alinea wurdt der ek in aksje beskreaun fan in jongere?

Bekijk het antwoord

(alinea) 1

Vraag 36 1 punt

Hokker doelen hat Mark Boode benammen foar eagen mei syn ferhaal?

  1. A ynformearje en ferdivedearje
  2. B ynformearje en oertsjûgje
  3. C oantrune en ferdivedearje
  4. D oantrune en oertsjûgje
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Bron: College voor Toetsen en Examens, centraal examen havo Fries 2025, tijdvak 1. Figuren en de exacte opmaak staan in het originele examen.

Andere examens Fries havo

Veelgestelde vragen

Hoeveel vragen heeft het eindexamen Fries havo 2025, tijdvak 1?

Het centraal examen Fries havo 2025, tijdvak 1 telt 36 vragen. Alle vragen vallen onder lezen.

Wat zijn de antwoorden van het examen Fries havo 2025, tijdvak 1?

Op deze pagina staat bij elke vraag het antwoord uit het officiële correctievoorschrift van het College voor Toetsen en Examens, met de punten per onderdeel. Bij meerkeuzevragen staat de juiste letter erbij.

Waar vind ik het correctievoorschrift van Fries havo 2025, tijdvak 1?

Het correctievoorschrift staat op examenblad.nl, de site van het College voor Toetsen en Examens (https://www.examenblad.nl/2025/havo/documenten/cse-1/ha-1017-a-25-1-c). Bij dit examen hoort ook een aanvulling op het correctievoorschrift.

Hoe oefen ik met het examen Fries havo 2025, tijdvak 1 en krijg ik feedback?

Vraag je docent om het examen als oefentoets klaar te zetten in ToetsChecker. Je maakt het op papier of online, en het AI-model kijkt het na volgens het correctievoorschrift, met feedback per vraag. Je docent geeft het resultaat daarna vrij.