Eindexamen Fries havo 2026, tijdvak 1: vragen en antwoorden

Alle vragen met het antwoord uit het correctievoorschrift. Opgaven: Tekst 1 Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen, Tekst 2 De talerêder.

Kort antwoord

Het centraal examen Fries havo 2026, tijdvak 1 telt 39 vragen. Alle vragen vallen onder lezen. De opgaven en het correctievoorschrift staan op examenblad.nl. Met ToetsChecker maakt een klas het examen op papier en doet het AI-model per vraag een nakijkvoorstel met feedback, dat de docent controleert en vrijgeeft.

Onderwerpen in dit examen

Alle 39 vragen van dit examen vallen onder lezen. Bij dit vak toetst het centraal examen één vaardigheid; de verschillen zitten in de teksten en de vraagsoorten.

Opgaven en correctievoorschrift

De documenten staan op examenblad.nl, de officiële site van het College voor Toetsen en Examens. ToetsChecker haalt ze daar op als je het examen in de vragenbank kiest.

Oefenen als leerling

Een oud examen maken is de beste voorbereiding, maar zonder nakijken weet je niet waar je punten verliest. Met ToetsChecker maak je het examen Fries havo 2026, tijdvak 1 op papier, net als het echte examen, of online als je docent het digitaal klaarzet. Het AI-model kijkt het na volgens het officiële correctievoorschrift. Zodra je docent het resultaat vrijgeeft, zie je per vraag wat goed was en wat er ontbrak.

Nakijken als docent

  1. Start gratis vanaf deze pagina

    Maak een gratis account vanaf deze pagina, dan staat het examen Fries havo 2026, tijdvak 1 meteen voor je klaar als correctiemodel, met alle vragen en het correctievoorschrift. Dat kost geen credits.

  2. Laat de klas het examen maken

    Op papier, zoals het echte examen: je scant de stapel in één keer of mailt de scan naar je scanadres. Of online, als digitale toetsafname met toezicht; de opgavetekst staat dan als bron bij elke vraag. Afbeeldingen uit het examen gaan niet mee, die staan in de PDF van de opgaven.

  3. Geef de resultaten vrij

    Het AI-model kijkt elk examen na volgens het correctievoorschrift en schrijft feedback per vraag. Bij een oefenexamen geef je alles in één keer vrij; bij een toets die meetelt loop je het voorstel eerst na. De leerling ziet het resultaat pas na jouw vrijgave.

ToetsChecker is geen examensite: je kijkt er ook je eigen SO's, proefwerken, praktische opdrachten en verslagen mee na, handgeschreven of digitaal, met jouw correctiemodel en feedback per vraag. Een gratis account heeft alle functies en 200 credits per maand, genoeg om ongeveer 100 toetsen te laten nakijken. Maak een gratis account of lees eerst hoe het nakijken werkt.

Vragen en antwoorden

Hieronder staan de opgaven en vragen van het examen Fries havo 2026, tijdvak 1. Onder elke vraag klap je het antwoord uit het correctievoorschrift open. Probeer de vraag eerst zelf.

Tekst 1 Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen

Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen

It tilt yn Fryslân op fan de inisjativen om de provinsje sûner, moaier en duorsumer te meitsjen. Mar der wurdt te folle wurke yn de eigen bûl, sa fynt in tal Friezen. Se wurkje oan in mienskiplik plan om Fryslân echt ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen.

(1) It Fryske Marreprojekt (FMP) dat begjin dizze iuw opsteld is om yn fyftjin jier de wettersportsektor takomstbestindich te meitsjen, is in ynspiraasjeboarne foar de inisjatyfnimmers. “Dat wie in ûnbidich projekt fan 450 miljoen euro dat net allinnich in ympuls joech oan de Fryske ekonomy, mar ek groepen út alderhande ûnderdielen ferbûn, fan toerisme oant natuerorganisaasjes”, fertelt Bouwe de Boer, duorsumheidsamtner fan de gemeente Ljouwert en foaroanman fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân.

(2) ‘Bysûnder Fryslân’ is de wurktitel fan it projekt. “‘by-’ as symboal fan biodiversiteit, ‘-sûn-’ ferwiist nei sûnens en ‘-der’ of ‘-dêr’ jout wat fan takomst oan”, sa leit De Boer út.

(3) Wa’t allegearre by it earste besprek fan it nije plan belutsen wiene, moat noch mar net nei bûten ta komme, fynt er. Wol sit Generaasje Fryslân 2035 (GF 2035) by de tafel, in klup fan sa’n hûndert young professionals¹⁾ dy’t him ynset foar in duorsum Fryslân. Sy skreaune koartlyn yn in manifest op wêr’t Fryslân yn 2035 stean moat wat griene enerzjy, sûnens, natuer en sûn iten oanbelanget. “It binne hiel ferskillende tema’s, mar se hingje al mei-inoar gear”, jout Talitha Souverein fan GF 2035 oan.

(4) Om dy gearhing foar in brede groep dúdlik te meitsjen en sjen te litten hoe’t alle problemen dêr’t Fryslân de kommende desennia foar stiet safolle mooglik yn relaasje mei-inoar oanpakt wurde kinne, dat is de útdaging, sa fine de inisjatyfnimmers. “Nim no sûnens”, seit Chris Borsten, dy’t as trainer-yn-oplieding yn Positive Sûnens belutsen is by it inisjatyf. “Mei it konsept Positive Sûnens sjocht men hiel breed nei hoe’t it mei immen giet. Net allinnich it ûntbrekken fan sykte mar ek saken as bewege, sûn ite en alle dagen fan it bêd komme mei in doel binne fan belang. Mar in sûn Fryslân giet ek oer in sûne boaiem dêr’t dat iten ferboud wurdt. It soargjen foar dysels en it soargjen foar in sûne libbensomjouwing kinne net sûnder inoar en moatte yn gearhing oanpakt wurde.”

(5) De inisjatyfnimmers tinke dat Fryslân by útstek geskikt is om as transysjefoarbyld tsjinje te kinnen foar de rest fan Nederlân, en miskien wol foar de rest fan de wrâld. Borsten: “Wy moatte fan Fryslân in minyproeftún meitsje en sjen litte dat it kin.”

(6) Dêr passe wat him oanbelanget out-of-the-boxmaatregels by. Hy heart mei belangstelling oer in idee fan in skriuwer fan in ynstjoerde brief yn de Volkskrant dy’t de kategory ‘biologysk’ by griente en fruit ôfskaffe wol. It alternatyf: de kratten griente yn de supermerk neistinoar mei by it iene in buordsje ‘ûnbewurke’ en by it oare ‘bewurke mei pestisiden en keunstdong’. “Dat makket foar klanten de kar hiel direkt, al hat men der al mei te krijen dat ‘biologysk’ in beskerme kategory is.”

(7) En de ynfloed fan GF 2035 rikt neffens Souverein fierder as allinnich de GF 2035-aginda op himsels. “In soad fan ús, hast mear as hûndert leden fan young professionals, binne ek belutsen by politike partijen of op oare plakken yn organisaasjes dêr’t se ynfloed útoefenje kinne. Dêrom komme wy no al byinoar.”

(8) “Mar wêrom soe de provinsje sûn iten net goedkeaper meitsje kinne?”, follet De Boer oan. “Dan moatte wy net daliks wize nei lanlike regels dy’t dat ferbiede, mar ek sjen nei hoe’t wy dat yn Fryslân regelje kinne. Kinst fan alles betinke om sûne produkten oantreklik te meitsjen en de bewustwurding by de minsken grutter te meitsjen.”

(9) “Al moatte wy de marketingkrêft fan de itensyndustry en fan McDonald’s en Kentucky Fried Chicken (KFC) net ûnderskatte”, sa warskôget Borsten. “Dêr kinne húsdokters net tsjin op. En bewustwurding liedt yn in soad gefallen net ta oar gedrach. Dat moat út dysels komme. Der binne legio minsken dy’t trochsmoke wylst se witte dat it net goed foar harren is.”

(10) It hinne-en-wertennisjen fan arguminten yn allinnich al it petear oer sûnens jout in protte aspekten fan dy transysje oan. Dochs sjogge de inisjatyfnimmers kânsen genôch. De Boer: “Der gebeure no al in hiel soad moaie en goede dingen yn Fryslân. Griene enerzjyprojekten, dielauto’s, bloeisônes. En der binne genôch boeren dy’t sûnder krêftfoer en keunstdong wurkje. Dy moatte wy folle faker yn it sintsje sette.”

(11) “Al dy goede foarbylden bewize dat it kin”, follet Souverein oan. “Der is yn de Fryske mienskip in groep dy’t it belang fan in langetermynfyzje ynsjocht en him foar in sûne provinsje ynsette wol.” Dy transysje kin dus liede ta in moaie takomst, mar soarget tagelyk foar in soad spanningen en tsjinstellingen, beseft it trijetal. “By in oergong nei in oar soarte ekonomy en maatskippij binne der altyd ek ferliezers”, stimt De Boer mei. “En krekt dy groepen moatte it útsjoch krije dat sy op termyn ek baat hawwe by feroaring; dat it in winkend perspektyf is.”

(12) It is neffens de inisjatyfnimmers gjin opsje om op de âlde foet fierder te gean. Dan wurdt de planeet ûnleefber. En wat langer oft der wachte wurdt mei de omslach nei in mienskip binnen de grinzen fan de ierde, wat heger oft de kosten wêze sille. “Provinsje en gemeenten moatte de earms no echt om de transysje hinne slaan. It hat wol ekonomyske konsekwinsjes. Stek dus jild yn ûnderwiis dat by dy omslach oanslút”, ferfolget De Boer.

(13) De hjoeddeistige koälysje yn it Provinsjehûs liket op transysjegebiet net botte ambisjeus, stimme se alle trije mei. Mar dat betsjut neffens Souverein net dat der neat mooglik is. “De polityk hat beslist wol each foar de plannen fan GF 2035. Doe’t wy ús ferhaal by de Vereniging Friese Gemeenten (VFG) fertelden, krigen wy in soad positive reaksjes. By in oantal gemeenten steane ferfolchpetearen pland.”

(14) It Fryske Marreprojekt brocht ek in ympuls dêr’t in grutte groep fuortendaliks ekonomysk fan profitearre. Wat Bysûnder Fryslân opsmyt, is yn earste ynstânsje miskien minder dúdlik. “Dat is ien fan de saken dy’t wy de kommende tiid boppe wetter helje moatte”, seit De Boer mei klam. Hy pleitet der ek foar om de revenuën út de griene enerzjy-opwekking yn de transysjebeweging te ynvestearjen om de oergong hannen en fuotten te jaan.

(15) De plannen en ideeën dy’t se op it aljemint bringe, klinke al jierren, jouwe se ta. “Mar der is no al in momentum”, tinkt Souverein. “Neffens transysjeheechlearaar Jan Rotmans sjocht men yn oergongstiden twa tsjinstelde bewegingen dêr’t de hjoeddeistige gong fan saken in delgeande beweging yn makket en de tsjinbeweging omheech. Wy sitte no yn de tiid dat beide bewegingen inoar kruse. Dat is in tiid fan gaos en dat sjogge wy no ek op in soad fronten. It advys fan Rotmans is ‘slach de earms om de gaos hinne’. Dêr binne wy no mei dwaande.”

Theo Klein, Friesch Dagblad, 27 januari 2024

noot 1 In young professional is in jonge wurknimmer (tusken de 18 en 35 jier) dy’t krekt in universitêre of hegerberopsoplieding ôfrûne hat en oan it begjin fan de karriêre stiet.

Vraag 1 1 punt

Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?

  1. A Der wurdt in anekdoate jûn.
  2. B Der wurdt in gearfetting formulearre.
  3. C Der wurdt in oanlieding jûn.
  4. D Der wurdt in skiednis sketst.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

“It tilt … te meitsjen.” (ynlieding)

Vraag 2 1 punt

Wat wurdt mei dy sin bedoeld?

  1. A De beskreaune inisjativen tille Fryslân op nei in heger nivo fan wolfeart.
  2. B Der binne yn Fryslân in hiel soad inisjativen om de provinsje better te meitsjen.
  3. C It is belangryk dat der mear inisjativen komme om Fryslân sûner, moaier en duorsumer te meitsjen.
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

“‘It binne hiel ferskillende tema’s, mar se hingje al mei-inoar gear’”. (r. 17 en 18)

Vraag 3 1 punt

Mei hokker sinpart út de ynlieding foarmet dy sin in tsjinstelling?

Bekijk het antwoord

“(Mar) der wurdt te folle wurke yn de eigen bûl”. (ynlieding)

Vraag 4 1 punt

Wat is it ferbân tusken de sin “Om dy … de inisjatyfnimmers.” (r. 20-23) en it tekstpart “‘Nim no … oanpakt wurde.’”? (r. 23-30)

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in konkludearjend ferbân.
  3. C It is in tsjinstellend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 5 1 punt

Hokker tuskenkopke past it bêste boppe de alinea’s 3 en 4?

  1. A Gearhing dúdlik meitsje
  2. B Generaasje Fryslân 2035
  3. C Positive Sûnens
  4. D Problemen oplosse
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

“‘sjen litte dat it kin.’” (r. 34)

Vraag 6 1 punt

Omskriuw yn eigen wurden wat bedoeld wurdt mei ‘it’.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Fryslân ta in foarbyld/minyproeftún meitsje fan de transysje (r. 31-34)

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als uit het antwoord blijkt dat het om de transitie gaat.

“out-of-the-boxmaatregels”. (r. 35)

Vraag 7 1 punt

Hokker foarbyld fan in maatregel wurdt yn de tekst jûn?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

By grienteprodukten (yn de supermerk) oanjaan oft se al of net bewurke binne mei pestisiden en keunstdong. (r. 38-40)

Vraag 8 1 punt

Wat is gau it beswier dat neamd wurdt as yn Fryslân sûn iten goedkeaper makke wurdt?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Lanlike regels ferbiede it. (r. 48 en 49)

Vraag 9 2 punten

Hoe komt it neffens Chris Borsten dat safolle minsken net-sûne gewoanten oanhâlde?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • It komt troch de marketingkrêft fan grutte bedriuwen/de yndustry. (r. 52 en 53) (1)
  • Bewustwurding liedt faak net ta oar gedrach. (r. 54 en 55) (1)

Vraag 10 1 punt

Wat is it ferbân tusken de alinea’s 8 en 9?

  1. A Alinea 9 beskriuwt in oplossing by wat yn alinea 8 sein is.
  2. B Alinea 9 is in nuansearring by wat yn alinea 8 sein is.
  3. C Alinea 9 jout in betingst by wat yn alinea 8 sein is.
  4. D Alinea 9 makket in ferliking by wat yn alinea 8 sein is.
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 11 1 punt

Wat is it ferbân tusken de sinnen “It hinne-en-wertennisjen … kânsen genôch.” (r. 58-60) en de sinnen “‘De Boer … sintsje sette.’”? (r. 60-63)

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in konkludearjend ferbân.
  3. C It is in tsjinstellend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 12 2 punten

Beskriuw de tsjinstelling dy’t troch de transysje feroarsake wurde kin.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • De transysje kin liede ta in moaie takomst, (r. 66 en 67) (1)
  • mar dy takomst is net foar elkenien moai/mar der binne ek altyd ferliezers (r. 68 en 69) / mar kin ek liede ta spanningen en tsjinstellingen. (r. 67 en 68) (1)

“‘Provinsje en gemeenten moatte de earms no echt om de transysje hinne slaan.’” (r. 75 en 76)

Vraag 13 1 punt

Watfoar stylmiddel wurdt dêr brûkt?

  1. A ferliking
  2. B metafoar
  3. C metonymia
  4. D paradoks
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

“‘De polityk hat beslist wol each foar de plannen fan GF 2035.’” (r. 81 en 82)

Vraag 14 1 punt

Hokker ynstânsje yn de polityk bedoelt Souverein dêr net mei?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

de hjoeddeistige koälysje yn it Provinsjehûs (r. 79)

“om de oergong hannen en fuotten te jaan.” (r. 90 en 91)

Vraag 15 1 punt

Watfoar stylmiddel wurdt dêr brûkt?

  1. A ferliking
  2. B metafoar
  3. C metonymia
  4. D paradoks
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 16 1 punt

Lis yn eigen wurden út wat Rotmans bedoelt mei “‘slach de earms om de gaos hinne’.” (r. 98 en 99)

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Akseptearje dat it net dúdlik is hokker kant oft it mei de maatskippij út giet. of

Besjoch it fan alle kanten.

“‘dêr’t se ynfloed útoefenje kinne.’” (r. 45)

Vraag 17 1 punt

Sitearje út it ferfolch de twa opienfolgjende sinnen dêr’t út bliken docht dat GF 2035 ynfloed op de polityk útoefenet.

Bekijk het antwoord

“‘Doe’t wy … ferfolchpetearen pland.’” (r. 82-84)

In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan

1. feiten

2. syn eigen miening

3. mieningen fan oaren

Vraag 18 1 punt

Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst benammen gebrûk fan makke?

  1. A allinnich fan 1
  2. B allinnich fan 2
  3. C allinnich fan 3
  4. D fan 1 en 2
  5. E fan 1 en 3
  6. F fan 2 en 3
Bekijk het antwoord

Antwoord: E

E

Vraag 19 1 punt

Watfoar tekstsoarte is “Plan om Fryslân ‘it bêste lân fan d’ ierde’ te meitsjen”?

  1. A It is in redenearring.
  2. B It is in skôging.
  3. C It is in útiensetting.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Tekst 2 De talerêder

De talerêder

(1) Begryp kweke foar lytse taalmienskippen en harren útstjerren besykje foar te kommen – as 29-jierrige hat Dyami Millarson syn missy fûn. Sûnt 2016 set de Ljouwerter him yn foar wat hy ‘lytse Fryske talen’ neamt, lykas it Hylpersk, it East-Skylgersk en it Skiermûntseagersk. Ek it lot fan it Wangereachsk fan it Dútsk-Fryske eilân Wangereach lûkt er him oan, ek al wurdt dat net mear praat. “Dy mienskip is de bân mei syn woartels kwyt en ik wol graach helpe dy wer hiel te meitsjen.” Hy stalt wurdboeken gear, skriuwt columns en tekenet libbensferhalen fan praters op: “Ik sjoch mysels as in talerêder.”

(2) Dy rol leit net foar de hân op basis fan syn foarskiednis. Hy is it âldste bern fan in húshâlding en der wurdt op de basisskoalle by him dysleksy fêststeld. Hy rekket efterop by syn leeftiidsgenoatsjes en dêr hie er ek al hast gjin kontakt mei. “Ik siet foaral yn myn eigen wrâldsje, boarte meastentiids allinnich en fielde my net begrepen. Earlik sein wie ik op skoalle dea-ûngelokkich.”

(3) Lêzen hat er earstoan in hekel oan (“omdat it my in soad muoite koste”), mar op de basisskoalle makke er in útsûndering foar benammen trije boeken: de Mearkes fan Grimm, it epos Aeneis en it boek fan de Skandinavyske mytology, de Edda. “Ik fielde my oanlutsen ta dy ferhalen, omdat der hiele wrâlden oproppen waarden dêr’t ik my yn weromlûke koe. Dy prikelen myn fantasy, ik fertelde myn eigen ferhalen oan myn âlden.” Troch syn dysleksy fielde er him boppe-al útdage: “Ik koe der net rjocht oer dat ik net goed lêze koe. It gie my hieltyd mar yn ’e holle om dat ik dat net op my sitte litte moast. Ik hâld net fan opjaan.”

(4) As er alve jier is, ferdjippet syn belutsenheid by taal him ûnferwachte. Op in nacht ûntnimt in slimme longûntstekking him ynienen de siken. “Ik krige hast gjin lucht mear, dat wy binne nei it sikehûs ta stood. Dêr moast ik oan de beäzeming en haw ik in nacht yn kritike tastân trochbrocht. Wat my steande hold, wie in foarnimmen: as ik dit oerlibje, dan sil ik mysels Gryksk en Latyn leare. Ik fielde sterk de needsaak om wat bysûnders mei myn libben te dwaan.” Op syn njoggentjinde, as er mei syn heit yn Ljouwert wennet, spilet syn sûnens op ’e nij op – diskear mei in ferdjipping yn it Frysk as gefolch.

(5) “Yn it sikehûs krige ik in soad mei it Frysk te meitsjen want de ferpleechsters praten it. Oan dan ta hie ik my foaral mei âlde talen dwaande holden en earlik sein nochal delsjoen op it Frysk as wie it in ûnbelangryk dialekt. Dat is in wurd dat ik no net mear brûk, omdat men dêr wrâlden mei ôfslút dy’t men net ken en dy’t weardefol foar jin wêze kinne. Underwilens sjoch ik it Frysk as in taalfamylje mei tsientallen talen – in wêzentlik ferskil mei hoe’t ik der earder tsjinoan seach.”

(6) “Doe’t de ferpleechsters harren Fryske memmetaal tsjin my praten, begûn ik my hieltyd mear foar harren taal te ynteressearjen. Ik wie yn in geastestastân dy’t makke dat ik dêrfoar iepen stie, ik lei helpleas op bêd. Se learden my wurdsjes en fûnen it moai dat ik ynteresse toande. Ik fertelde dat ik my yn âlde talen ferdjippe, en doe leine sy my út hoe âld oft it Frysk is. Ik waard troch harren taal pakt, ek út tankberens. Ik begûn in ynsjoch te krijen yn ’e skjintme.”

(7) “Foar my biedt it learen en ûndersykjen fan sa’n taal tagong ta in wrâld dy’t ik oan dan ta net koe. Ik sjoch mysels as in taalûndersiker dy’t helpt om sa’n taal foar de bûtenwrâld tagonklik te meitsjen. Dat hat wat magysk foar my. Sa’t ik my al jong ta mytologyske ferhalen oanlutsen fielde, sa fiel ik dat no mei mytologyske eleminten yn in taal. Yn it Klaai- en Wâldfrysk hast bygelyks ierdmantsjes, ierdgeasten, dy’t in wjerspegeling foarmje fan de praters fan de taal: se binne ûndogensk, fernimstich en hawwe geheime kennis. Sa’n ferburgen skat krigest tagong ta fia de taal. Sadwaande begûn ik ek in gruttere ferbûnens mei it Fryske lânskip te fielen.”

(8) “Wûnderbaarlik oan in taal fyn ik ek de tagong ta in oare identiteit. As ik my útdruk yn ien fan de Fryske talen, bin ik bygelyks amikaler en direkter. Boppedat fiel ik my opnommen yn in mienskip mei oaren, mei wa’t ik omgean sa as mei famyljeleden. Geandewei haw ik niget krigen oan alderhande mienskippen. Ik begûn mei it Klaaifrysk, dêrnei bin ik útkaam by noch in soad oare farianten, lykas it Hylpersk en it Skiermûntseagersk. It learproses kostet al tiid, mar ik fyn it tige de muoite wurdich.”

(9) “Myn hiel libben haw ik my oars field, ik moast myn eigen wrâld kreëarje om’t ik by oaren gjin oansluting hie. Ik tink dat ik wat werom ken yn mienskippen dy’t harren oars fiele en dy’t harren mei harren taal yn in eigen wrâld weromlutsen hawwe. Dy fassinearje my, ik freegje my dan ôf: hoe fiele sy harren krekt oars, wat hâldt harren dwaande, hoe hâlde se harren steande? Troch dêr kennis oer te sammeljen, wol ik ynteresse foar dy mienskippen opwekke. Ik hoopje dat bûtensteanders dêr ek de skjintme fan ynsjen kinne. Om sa in brêgehaad nei de bûtenwrâld ta meitsje te kinnen, moat ik al earst it fertrouwen fan dy mienskippen winne. Ik sjoch mysels as in boadskipper, dat sit ek yn myn foarnamme. By de Noard-Amerikaanske Pueblo-folken betsjut Dyami ‘earnfûgel’, ‘boadskipper tusken himel en ierde’.”

(10) “Dat soarte fan taalmienskippen is faak hiel sletten, hast gjinien fan bûten komt deryn. By de Hylpers moast ik in lange wei gean foardat ik akseptearre waard. De âlderein woe earst beoardielje oft ik harren taal wol echt prate koe – net allinnich oft ik de wurden en de grammatika koe, mar ek woene se witte wat ik fan harren skiednis en kultuer wist. Dat wie tige wichtich foar harren. It waard in pittich petear yn it Hylpersk, mar úteinlik wiene se wol oertsjûge. Op Skiermûntseach krige ik ek sa’n soarte test.”

(11) “Men moat betinke dat se troch de bûtenwrâld faak mei harren taal narre binne. In bern fan in Hylper kriget bygelyks te hearren: jimme heit praat nuver, hy is mar in boer. Of in soldaat wurdt narre troch oare soldaten, omdat er Hylpersk praat. Der is faak gjin begryp foar it feit dat sy yn dy taal grutbrocht binne en dat dy taal dus in soad foar harren betsjut. Boppedat is Nederlânsk prate faak in grutte ynspanning. As ik harren yn harren eigen taal oansprek, dan fiele se harren thús. Soms binne se ta triennen rekke, omdat se mei in jonger persoan yn harren eigen taal prate kinne.”

(12) “Wat ik sjoch, is dat krekt troch de mondialisearring en alle oandacht foar it Ingelsk, der ek in tsjinbeweging oan it ûntstean is fan persoanen dy’t harren krekt yn lytse talen weromlûke wolle. Wannear’t der safolle omtinken foar ien grutte taal is, krigest sa’n tsjinreaksje, dat hat men yn de skiednis wol faker sjoen.”

(13) “Lytse taalmienskippen binne net ferdwûn doe’t it Nederlânsk wichtiger waard; it Nederlânsk sil net ferdwine no’t it Ingelsk wichtiger wurdt. Ik bin dus al optimistysk: as it Ingelsk dominanter wurdt, dan krije minsken mear ferlet fan lytse talen. Dêr helpt de technology ek yn mei. Keunstmjittige yntelliginsje sil it makliker meitsje om ek in lytse taal ta jin te nimmen – skielk kinst in lytse taal leare, wannear’t in AI-programma genôch input krigen hat. Oer de hiele wrâld kinne der praters by komme – in freon út Hongkong haw ik Skiermûntseagersk leard.”

(14) “Der binne wol jongeren dy’t it Hylpersk leare wolle, allinnich de stap nei it echt dwaan is grut bin ik gewaar wurden. Se moatte der yn harren libben tiid foar frijmeitsje en harren frij fiele om it te dwaan. Op lettere leeftiid slagget dat gelokkich faker. Posityf is ek dat Museum Hindeloopen ekstra omtinken jaan wol oan de taal. Se wolle dat dy op de kommende generaasjes oerdroegen wurdt en dat past hielendal yn myn strjitsje. Ik wol dêr in bydrage oan leverje troch it meitsjen fan in wurdboek.”

(15) “As ik tink oan sa’n taalmienskip, dan sjoch ik alle gesichten foar my fan de minsken dy’t my ferhalen ferteld hawwe, yn gedachten hear ik wer al harren ferhalen. Wat ik foar harren berikke wolle soe, is fersterking, útwreiding of yn alle gefallen stabilisaasje fan de mienskip. Sy jouwe my safolle mooglik kennis en dy stel ik dêrnei op skrift – dat is lesmateriaal yn de foarm fan wurdboeken, libbensferhalen, proaza en poëzy. Ik bin optimistysk, want der hoecht mar ien jongere te wêzen dy’t by my yn ’e lear giet. Dy kin it dan letter op deselde wize wer trochjaan. Sa giet it by beskate foarmen fan kungfu ek: ien learmaster dy’t syn hiele kennis op ien learling oerbringt. Sis foaral tsjin my dat it net kin, want dat motivearret my geweldich. Ik bin der wis fan dat it al kin.”

Fokke Obbema, de Volkskrant, 12 april 2024

De teksten die voor dit examen gebruikt zijn, zijn bewerkt om ze geschikt te maken voor het examen. Dit is gebeurd met respect voor de opvattingen van de auteur(s). Wie kennis wil nemen van de oorspronkelijke tekst(en), raadplege de vermelde bronnen.

Het College voor Toetsen en Examens is verantwoordelijk voor vorm en inhoud van dit examen.

Vraag 20 1 punt

Wat is de wichtichste funksje fan alinea 1?

  1. A Der wurdt in yntroduksje jûn.
  2. B Der wurdt in miening jûn.
  3. C Der wurdt in oanlieding jûn.
  4. D Der wurdt in probleemstelling jûn.
Bekijk het antwoord

Antwoord: A

A

Vraag 21 1 punt

Wêrom past it Wangereachsk minder goed yn it rychje fan de lytse Fryske talen?

  1. A It eilân Wangereach leit yn Dútslân.
  2. B It Wangereachsk hat gjin wurdboek.
  3. C It Wangereachsk is gjin lyts Frysk dialekt.
  4. D It Wangereachsk wurdt net mear praat.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 22 1 punt

Wat sjocht Dyami Millarson as syn wichtichste taak by it Wangereachsk?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

It ophelpen fan de bân fan de mienskip mei syn woartels. (r. 6 en 7)

Vraag 23 1 punt

Hokker tussenkopke past it bêste boppe alinea 2?

  1. A Dysleksy
  2. B Foarskiednis
  3. C Gjin kontakt
  4. D Skoalle
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 24 1 punt

Wêrom sjocht Dyami Millarson syn dysleksy as in útdaging?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Om’t er al graach lêze woe, wylst it in soad muoite koste. (r. 16 en 17) of

Om’t er net fan opjaan hâldt. (r. 24)

Vraag 25 2 punten

Wat is it grutte ferskil tusken hoe’t Dyami Millarson syn belutsenheid him ferdjippet by oan de iene kant it Gryksk en Latyn en oan de oare kant it Frysk?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • By it Gryksk en Latyn is der net in konfrontaasje mei de talen, (r. 29 en 30) (1)
  • en by it Frysk al. (r. 34-47) (1)

of

  • By it Gryksk en Latyn kaam it út himsels wei/út de winsk om wat bysûnders mei syn libben te dwaan, (r. 29-31) (1)
  • en by it Frysk wiene it de ferpleechsters dy’t Frysk tsjin him praten en him dingen oer de taal learden. (r. 41-47) (1)

Vraag 26 2 punten

Beskriuw wat der feroare is yn hoe’t Dyami Millarson earst oanseach tsjin it Frysk en letter.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • Earst seach er del op it Frysk (r. 36) / Earst fûn er it in ûnbelangryk dialekt, (r. 36 en 37) (1)
  • mar letter seach er it Frysk as in taalfamylje mei tsientallen talen. (r. 38 en 39) / mar letter seach er de skjintme fan de Fryske taal yn (r. 46 en 47) (1)

Vraag 27 1 punt

Hokker ‘magysk’ elemint hat it ûndersykjen fan in taal foar Dyami Millarson?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Helpe om de bûtenwrâld tagong ta de taal te jaan. (r. 49 en 50)

Vraag 28 1 punt

Wat is it ferbân tusken de sin “‘Myn hiel … oansluting hie.’” (r. 64 en 65) en de sin “‘Ik tink … weromlutsen hawwe.’”? (r. 65-67)

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in konkludearjend ferbân.
  3. C It is in redenjaand ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: A

A

“‘Om sa in brêgehaad nei de bûtenwrâld ta meitsje te kinnen’.” (r. 71 en 72)

Vraag 29 1 punt

Hokker byldspraak sit der yn boppesteand sitaat?

  1. A ferliking
  2. B metafoar
  3. C metonymia
  4. D personifikaasje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 30 2 punten

Beskriuw it ferbân dat Dyami Millarson tusken de betsjutting fan syn foarnamme en syn taak sjocht.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • By de Noard-Amerikaanske Pueblo-folken betsjut Dyami ‘earnfûgel’, ‘boadskipper tusken himel en ierde’, (r. 73-75) (1)
  • en hy sjocht himsels as boadskipper tusken taalmienskippen en bûtensteanders. (r. 71-73) (1)

Vraag 31 2 punten

Hokker dingen binne wichtich om ta in lytse taalmienskip talitten te wurden?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: − de taal prate kinne (r. 78 en 79) − kennis hawwe fan de skiednis (r. 80) − kennis hawwe fan de kultuer (r. 80)

indien drie antwoorden juist (2)

indien twee antwoorden juist (1)

indien minder dan twee antwoorden juist (0)

Vraag 32 2 punten

Neam de redenen wêrom’t lytse taalmienskippen neffens Dyami Millarson hiel sletten binne.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • De minsken yn in lytse taalmienskip binne troch de bûtenwrâld faak mei harren taal narre. (r. 84 en 85) (1)
  • Der kin gjin begryp foar opbrocht wurde dat minsken yn in lytse taalmienskip grutbrocht binne yn harren taal. (r. 87-89) (1)

Vraag 33 1 punt

Hokker reaksje op de mondialisearring sjocht Dyami Millarson?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Minsken wolle harren weromlûke yn lytse talen. (r. 94 en 95)

Vraag 34 1 punt

Wêrom sjocht Dyami Millarson de rol fan AI as posityf?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Troch AI kin elkenien in lytse taal leare en kinne der ek mear praters fan in lytse taal (oer de hiele wrâld) by komme. (r. 103 en 104)

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als uit het antwoord blijkt dat er meer sprekers van een kleine taal bij komen.

Vraag 35 1 punt

Wat is it ferbân tusken de sin “‘Der binne … gewaar wurden.’” (r. 106 en 107) en de sin “‘Se moatte … te dwaan.’”? (r. 107 en 108)

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in redenjaand ferbân.
  3. C It is in tsjinstellend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.

Vraag 36 1 punt

Wêr wol Dyami Millarson in bydrage oan leverje mei in Hylpersk wurdboek?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Oan it oerdragen fan it Hylpersk op kommende generaasjes. (r. 110-112)

“‘Ik bin der wis fan dat it al kin.’” (r. 123)

Vraag 37 1 punt

Lis út wêr’t it wurd ‘it’ op weromslacht.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

It (wer) oerdragen fan taalkennis fan ien learmaster op ien learling. (r. 121 en 122)

Vraag 38 1 punt

Hokker doel hat Dyami Millarson benammen foar eagen mei syn ferhaal?

  1. A ferdivedearje
  2. B ynformearje
  3. C oantrune
  4. D oertsjûgje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 39 1 punt

Hokker doel hat de skriuwer benammen foar eagen mei dizze tekst?

  1. A ferdivedearje
  2. B ynformearje
  3. C oantrune
  4. D oertsjûgje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Bron: College voor Toetsen en Examens, centraal examen havo Fries 2026, tijdvak 1. Figuren en de exacte opmaak staan in het originele examen.

Andere examens Fries havo

Veelgestelde vragen

Hoeveel vragen heeft het eindexamen Fries havo 2026, tijdvak 1?

Het centraal examen Fries havo 2026, tijdvak 1 telt 39 vragen. Alle vragen vallen onder lezen.

Wat zijn de antwoorden van het examen Fries havo 2026, tijdvak 1?

Op deze pagina staat bij elke vraag het antwoord uit het officiële correctievoorschrift van het College voor Toetsen en Examens, met de punten per onderdeel. Bij meerkeuzevragen staat de juiste letter erbij.

Waar vind ik het correctievoorschrift van Fries havo 2026, tijdvak 1?

Het correctievoorschrift staat op examenblad.nl, de site van het College voor Toetsen en Examens (https://www.examenblad.nl/2026/havo/documenten/cse-1/ha-1017-a-26-1-c).

Hoe oefen ik met het examen Fries havo 2026, tijdvak 1 en krijg ik feedback?

Vraag je docent om het examen als oefentoets klaar te zetten in ToetsChecker. Je maakt het op papier of online, en het AI-model kijkt het na volgens het correctievoorschrift, met feedback per vraag. Je docent geeft het resultaat daarna vrij.