Eindexamen Fries vwo 2026, tijdvak 1: vragen en antwoorden

Alle vragen met het antwoord uit het correctievoorschrift. Opgaven: Tekst 1 In planolooch dy’t keunst as rêder sjocht, Tekst 2 Keunst mei keunstwurken.

Kort antwoord

Het centraal examen Fries vwo 2026, tijdvak 1 telt 34 vragen. Alle vragen vallen onder lezen. De opgaven en het correctievoorschrift staan op examenblad.nl. Met ToetsChecker maakt een klas het examen op papier en doet het AI-model per vraag een nakijkvoorstel met feedback, dat de docent controleert en vrijgeeft.

Onderwerpen in dit examen

Alle 34 vragen van dit examen vallen onder lezen. Bij dit vak toetst het centraal examen één vaardigheid; de verschillen zitten in de teksten en de vraagsoorten.

Opgaven en correctievoorschrift

De documenten staan op examenblad.nl, de officiële site van het College voor Toetsen en Examens. ToetsChecker haalt ze daar op als je het examen in de vragenbank kiest.

Oefenen als leerling

Een oud examen maken is de beste voorbereiding, maar zonder nakijken weet je niet waar je punten verliest. Met ToetsChecker maak je het examen Fries vwo 2026, tijdvak 1 op papier, net als het echte examen, of online als je docent het digitaal klaarzet. Het AI-model kijkt het na volgens het officiële correctievoorschrift. Zodra je docent het resultaat vrijgeeft, zie je per vraag wat goed was en wat er ontbrak.

Nakijken als docent

  1. Start gratis vanaf deze pagina

    Maak een gratis account vanaf deze pagina, dan staat het examen Fries vwo 2026, tijdvak 1 meteen voor je klaar als correctiemodel, met alle vragen en het correctievoorschrift. Dat kost geen credits.

  2. Laat de klas het examen maken

    Op papier, zoals het echte examen: je scant de stapel in één keer of mailt de scan naar je scanadres. Of online, als digitale toetsafname met toezicht; de opgavetekst staat dan als bron bij elke vraag. Afbeeldingen uit het examen gaan niet mee, die staan in de PDF van de opgaven.

  3. Geef de resultaten vrij

    Het AI-model kijkt elk examen na volgens het correctievoorschrift en schrijft feedback per vraag. Bij een oefenexamen geef je alles in één keer vrij; bij een toets die meetelt loop je het voorstel eerst na. De leerling ziet het resultaat pas na jouw vrijgave.

ToetsChecker is geen examensite: je kijkt er ook je eigen SO's, proefwerken, praktische opdrachten en verslagen mee na, handgeschreven of digitaal, met jouw correctiemodel en feedback per vraag. Een gratis account heeft alle functies en 200 credits per maand, genoeg om ongeveer 100 toetsen te laten nakijken. Maak een gratis account of lees eerst hoe het nakijken werkt.

Vragen en antwoorden

Hieronder staan de opgaven en vragen van het examen Fries vwo 2026, tijdvak 1. Onder elke vraag klap je het antwoord uit het correctievoorschrift open. Probeer de vraag eerst zelf.

Tekst 1 In planolooch dy’t keunst as rêder sjocht

In planolooch dy’t keunst as rêder sjocht

Keunst en kultuer hawwe betsjutting foar de ûntjouwing fan in duorsume takomst. It projekt Bosk is foar planolooch Zef Hemel de ynspiraasje foar hoe’t minsken sels in feroaring yn gong sette kinne. Lykas Vincent van Gogh¹⁾ set er him ta rinnen troch de fjilden en de doarpen.

(1) Yn de fuotleasten fan Vincent van Gogh swalket heechlearaar Zef Hemel troch de kontreien yn it noarden fan ús lân. It is in ûngewoane ynfolling fan syn learstoel oan de Ryksuniversiteit Grins. Foar de planolooch dy’t him safolle jierren drok makke om de struktuer fan Amsterdam jildt no dat it plattelân syn atelier is. “Ik besleat om te rinnen om better sjen te kinnen. As men de feroaringen yn it lânskip sjocht, dan benearet it jin.”

(2) It paad hat him brocht yn Fryske doarpen, lâns fearten en marren en oer de seedyk by de Waadsee del. Yn Fryslân binne rûnom prachtige loften mei wolken, is der noch skjinne lucht te snuven en kin it pikkenacht wêze. It kuierjen hat in wichtige funksje. Want sa kin men stilstean by de wearde fan it lânskip. “Ik wie te saaklik wurden. Allegearre fluch-fluch. No geane wrâlden foar my iepen as ik troch Fryslân rin. It is ûnwierskynlik moai. Dêrom sis ik: gean te rinnen!”

(3) Keunst en kultuer helpe om feroaringen mooglik te meitsjen, stelt Zef Hemel. Hy sjocht de foarbylden út it ferline dy’t ynspiraasje biede. Sa’t bygelyks Joop Mulder silger mei Sense of Place omtinken frege foar de Waadkust. Ferskate kultuerprojekten lykas de Terp fan de Takomst yn de kwelders by Blije wize de wei. En hy is wakker optein oer wat it troch lânskipsarsjitekt Bruno Doedens betochte Bosk yn gong set hat. De 1200 beammen dy’t yn 2022 by it kultuerprojekt Arcadia troch Ljouwert beweegden, hat mannichien oan it tinken set oer in duorsume takomst.

(4) “Keunstners dogge it. Sy binne de iennigen dy’t ús it paad wize kinne. Arsjitekten en planologen sitte yn harren eigen bûl. Dy kinne harren net losmeitsje. Sy sitte mei de lêst fan harren opdrachtjouwers. Efter harren buro wei dogge se harren wurk, sûnder echt yn kontakt te wêzen mei de minsken.” Hy is kritysk oer syn eigen beropsgroep. “Ik wol se befrije. It fak planology is fêstrûn.” It is syn argewaasje dat se net mear it paad wize nei in duorsume takomst. Syn hoop is dat in nije generaasje ál oars sjen sil.

(5) Ynspiraasje is der ek fan keunstners Marina Abramovic en har partner, dy’t elk in kuier fan goed twatûzen kilometer makken by de Sineeske Muorre del, om inoar úteinlik op healwei te moetsjen foar harren projekt The Lovers. It lange rinnen fan Marina Abramovic past yn de rige fan it ferlizzen fan de eigen grinzen.

(6) Sa’n ynspannen en tiidslinende ekspedysje liedt neffens Zef Hemel ta in djip begryp fan tiid en romte. Dêr kin mannichien by stilstean yn ús dûzeljend fluch bestean. “Ik hâld my as in keunstner”, ferklearret er syn ûnortodokse ynklaaiïng fan it fak fan planolooch. It rinnen sels is eins net iens sa nij ûnder de sinne: “De pioniers yn it fak diene it ek. Sy sochten nije foarmen.” No besiket er om hjir en dêr de minsken in spegel foar te hâlden. “Want der is safolle te rêden. Nim it klimaat en it bioferskaat.”

(7) “Ik leau yn keunstners en eveneminten”, fertelt er entûsjast. Hy kin noch hieltyd oerémis reitsje oer wat er meimakke hat doe’t Bosk stadich troch de stêd gie. “Elke freed wiene der minsken oan it skuorren om de beammen te ferpleatsen. Se wiene ree ta beweging. Waansinnich. Ik leau yn spierkrêft. Dy sil ús rêde.”

(8) Zef Hemel hat goede hoop dat Bosk in ferfolch kriget. Hy hellet út datsoarte saken ynspiraasje om yn beweging te kommen. Troch it kontakt mei it lânskip werom te bringen is der in feroaring yn gong te setten, tinkt er. “Wy binne fierstente folle op stiennen rjochte, mar grutte suksessen yn romtlike oardering komme fuort út de mienskip. Wy moatte fertraagje, want it giet net goed. Der is echt wat slims te rêden.”

(9) “Wês sunich op ’e romte”, is syn advys. Hy sjocht neat yn grutte plannen, of in ‘weropbou fan it plattelân’, sa’t de ferantwurdlike minister dat suggerearre hat. “Bring leaver natuer en lânskip werom yn elk syn libben.” Stap foar stap kin it oars: “It Noarden soe in foarbyld wurde kinne yn it tinken oer in takomst dêr’t wy as minskheid yn oerlibje kinne. Sjoch hoe’t Friezen harren riere. Fryslân hat in ûnbidige draai makke. It begjin leit by Ljouwert-Fryslân 2018²⁾. De kulturele line mei ferbiningen mei keunst en muzyk is sa opmerklik.”

(10) Zef Hemel hat fiif jier de tiid om ûndersyk te dwaan nei de revitalisearring fan stêd en plattelân. Hy hat dêrfoar in omkearde aginda yn gedachten. Net de ekonomy, mar de minsken yn it lânskip stean sintraal. Sa’t Vincent van Gogh seach nei de minsken en harren lânskip, sa sjocht de heechlearaar nei it hjoeddeistige libben. It resept is foar him dúdlik: “Aktivearje de doarpen, motivearje de minsken. Net mei subsydzje en beloften, mar mei oandacht, belangstelling en tawijing.” Ek foar de wittenskippers jildt in oare wei as wat sy wend binne: “Planologen soene de tiid nimme moatte en de dingen beprate, net saaklik mar persoanlik. Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.”

(11) It is in yllúzje om te tinken dat der in duorsume takomst mooglik is sûnder dat minsken kontakt mei it lânskip hawwe, warskôget er. Mei technologyske foarútgong en beloften fan de sirkulêre ekonomy is men der net. It Noarden is yn syn eagen net holpen mei mear sneldiken, yndustry en huzen. Noch mear ekonomyske groei of op ’en nij miljarden ynvestearje yn nije ynfrastruktuer, hy freget him lûdop ôf oft soks wol ferstannich is. De romte dy’t der no noch is, beskôget er as hiel kostber: “It is gjin romte om te foljen.”

(12) Syn doel is om in duorsume mienskip op te bouwen. De iuwenâlde Fryske skiednis dy’t in fûnemint hat yn de terpen is in help foar de takomst. De kaart dy’t yn 1979 makke is mei alderhande âlde paden dy’t Fryslân ryk is, wiist him de wei foar ynspirearjende reizen dy’t ûndernommen wurde sille mei bekende en ûnbekende minsken dy’t meirinne, meiprate en meitinke oer saken lykas duorsumens, sûnens, skiednis, kultuer en it lânskip sels. By eintsjebeslút wurdt it in ferhaal foar de takomst.

(13) Withoefaak grypt Zef Hemel werom nei hoe’t Vincent van Gogh yn 1883 trije moanne omhúsmanne hat yn it Drintske lân, it meast yn it loazjemint Scholte yn Nieuw-Amsterdam. Hy hat ûnder oaren it skildereftige fan de heidefjilden fêstlein, mar it each foel him ek op gewoane en ûngewoane lânskipseleminten lykas ikkers mei koarn, hagen, plaggehutten en beamstronken. De wurkwize fan de skilder is foar Zef Hemel in ynspiraasjeboarne. Vincent van Gogh gong nei syn tiid yn de stêden Parys en Londen te foet troch it lân. Sa seach er folle mear fan it foar him ûnbekende. Hy neamde syn tochten ûntdekkingsreizen.

(14) Sa giet ek de planolooch troch de trije noardlike provinsjes. Ut Amsterdam wei nimt er alle tiid om it skildereftige fan it Fryske lânskip yn him op te nimmen. “Ik gean nei bûten ta en gean te rinnen. Ik nûgje studinten en gasten út en nim de tiid om de skjintme te sjen en nei te tinken. Hjir komme alderlei moaie dingen út.” By gelegenheid beneamt er it as in reis werom, te ferlykjen mei de lange tocht dy’t Odysseus nei de Trojaanske oarloch makke. Hieltyd op ’en nij wie it foar de Grykske held in beproeving mei it ûnbekende. De klimaatferoaring fan no is hjoed-de-dei de Odyssee foar planologen. “It is myn argewaasje dat der gjin liedend takomstbyld is foar Nederlân. Der is dêrom in soad ûnwissens by minsken foar de lange termyn. Lit ús ôfprate dat we ús ynsette, lykas mei Bosk. Ek al giet it traach.”

Bert de Jong, de Moanne, april 2024

noot 1 Vincent van Gogh libbe fan 1853 oant 1890 en is ien fan de bekendste keunstskilders fan de wrâld. Syn bekendste wurken binne de skilderijen Sinneblommen, Ierappeliters en Sliepkeamer yn Arles.

noot 2 Ljouwert-Fryslân 2018 (LF 2018) is de namme foar Ljouwert as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Yn it hiele jier wiene der kulturele aktiviteiten yn sawol de stêd as de provinsje Fryslân.

Vraag 1 1 punt

Wat is de funksje fan de ynlieding boppe de tekst?

  1. A De ynlieding formulearret in gearfetting.
  2. B De ynlieding formulearret in probleem.
  3. C De ynlieding yntrodusearret Zef Hemel.
  4. D De ynlieding jout in ûnderbouwing fan de titel.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Yn alinea 1 wurdt sein dat it plattelân no it atelier fan Zef Hemel is.

Vraag 2 1 punt

Wêrom makket de skriuwer dêr gebrûk fan it wurd ‘atelier’?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: Om oan te jaan dat it plattelân syn wurkplak is.

“‘Keunstners dogge it. Sy binne de iennigen dy’t ús it paad wize kinne.’” (r. 23)

Vraag 3 1 punt

Hoe ferhâlde de boppesteande sinnen harren ta alinea 5?

  1. A Alinea 5 jout in ferklearring by wat yn alinea 4 sein is.
  2. B Alinea 5 jout in foarbyld by wat yn alinea 4 sein is.
  3. C Alinea 5 jout in konklúzje fan wat yn alinea 4 sein is.
  4. D Alinea 5 jout in útwurking fan wat yn alinea 4 sein is.
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Yn alinea 6 giet it oer in “ûnortodokse ynklaaiïng”. (r. 38) Earder yn de tekst waard itselde sein yn oare wurden.

Vraag 4 1 punt

Sitearje dat sinpart.

Bekijk het antwoord

“(in) ûngewoane ynfolling”. (r. 2 en 3)

Yn alinea 9 boartet de skriuwer mei de tematyk fan kuierjen.

Vraag 5 1 punt

Sitearje it sinpart dêr’t dat út bliken docht.

Bekijk het antwoord

“Stap foar stap”. (r. 56)

“‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)

Vraag 6 1 punt

Nei hokker projekt dat oanhelle wurdt yn de tekst ferwiist dat? Lis dyn antwurd út.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Bosk, omdat dêrby de minsken letterlik mei spierkrêft de beammen yn beweging sette moasten. (r. 44-46)

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als zowel de projectnaam als de uitleg goed zijn.

Vraag 7 1 punt

Hokker sin út alinea 11 jout it boadskip fan Zef Hemel it bêste wer?

  1. A “It is in yllúzje om te tinken dat der in duorsume takomst mooglik is sûnder dat minsken kontakt mei it lânskip hawwe, warskôget er.” (r. 71 en 72)
  2. B “Mei technologyske foarútgong en beloften fan de sirkulêre ekonomy is men der net.” (r. 72-74)
  3. C “It Noarden is yn syn eagen net holpen mei mear sneldiken, yndustry en huzen.” (r. 74 en 75)
  4. D “De romte dy’t der no noch is, beskôget er as hiel kostber: ‘It is gjin romte om te foljen.’” (r. 77 en 78)
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

“‘As men de feroaringen yn it lânskip sjocht, dan benearet it jin.’” (r. 6 en 7)

Vraag 8 1 punt

Nei hokker feroaringen ferwiist Zef Hemel hjir?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: − (mear) sneldiken (r. 74) − (mear) yndustry (r. 75) − (mear) huzen (r. 75)

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als alle drie de veranderingen juist zijn.

Vraag 9 2 punten

Neam de ferskillen tusken it swalkjen fan Vincent van Gogh en it swalkjen fan Zef Hemel.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • Vincent van Gogh rûn troch it Drintske lân (r. 88) en Zef Hemel rint troch de trije noardlike provinsjes. (r. 96) (1)
  • Vincent van Gogh rûn om it lânskip fêst te lizzen (r. 90) en Zef Hemel rint om nei te tinken. (r. 99 en 100) (1)

Vraag 10 2 punten

Hokker projekten hawwe ynspiraasjeboarnen west foar Zef Hemel neffens de tekst?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is: − Sense of Place (fan Joop Mulder) (r. 17)

− Terp fan de Takomst (r. 18)

− Bosk (fan Bruno Doedens) (ynlieding en r. 20) / kultuerprojekt Arcadia (r. 21)

− The Lovers (fan Marina Abramovic en har partner) (r. 33)

indien vier antwoorden goed (2)

indien drie antwoorden goed (1)

indien minder dan drie antwoorden goed (0)

Vraag 11 1 punt

Sitearje de sinnen dêr’t út bliken docht dat Vincent van Gogh in foarbyld west hat foar Zef Hemel.

Bekijk het antwoord

− “Withoefaak grypt … yn Nieuw-Amsterdam.” (r. 87-89) − “De wurkwize … in ynspiraasjeboarne.” (r. 92 en 93)

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als beide geciteerde zinnen goed zijn.

Vraag 12 1 punt

Yn hokker alinea wurdt de “ûnortodokse ynklaaiïng” (r. 38) fan Zef Hemel fan it fak planolooch útlein?

Bekijk het antwoord

(alinea) 10

Vraag 13 1 punt

Hokker sin fettet de kearn fan it advys fan Zef Hemel it bêste gear?

  1. A “‘Dêrom sis ik: gean te rinnen!’” (r. 14)
  2. B “Keunst en kultuer helpe om feroaringen mooglik te meitsjen, stelt Zef Hemel.” (r. 15 en 16)
  3. C “Troch it kontakt mei it lânskip werom te bringen is der in feroaring yn gong te setten, tinkt er.” (r. 48-50)
  4. D “‘Bring wat yn beweging, set de bewenners yn harren krêft.’” (r. 70)
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Vraag 14 1 punt

Wat is it wichtichste doel fan Zef Hemel?

  1. A ferdivedearje en ynformearje
  2. B ynformearje en oantrune
  3. C oantrune en oertsjûgje
  4. D oertsjûgje en ferdivedearje
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Vraag 15 1 punt

Wat is it wichtichtste doel fan de skriuwer?

  1. A ferdivedearje
  2. B ynformearje
  3. C oantrune
  4. D oertsjûgje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Tekst 2 Keunst mei keunstwurken

Keunst mei keunstwurken

In giseljende wyn mei reinwetter, hagel en snie, in oare kear in gleone sinne en altyd it bitende sâlt fan de see. Der binne bettere plakken te betinken foar keunst yn de iepenbiere romte. En dochs is de Ofslútdyk in lang lint fan keunst en keunstwurken. It ikoan fan sivyltechnyske prestaasjes is ek ien fan artistike ljocht- en hichtepunten.

(1) De Ofslútdyk is as in lange nâlestring tusken Fryslân en Hollân en eins ien grutte samling fan fernimstige kreativiteit. It liket in wûnder fan ferskate objekten makke fan sân, klaai, stien en beton, mar it is safolle mear as dat. It is ek in dyk dy’t diels op ’en nij boud is mei ûnder oaren keunstige Levvel-stiennen¹⁾, dy’t samar betocht wêze koene troch de ferneamde grafikus Maurits Escher²⁾. En in dyk mei in gat, in fiskmigraasjerivier dy’t oer de wrâld no al krekt safolle bewûndering en fernuvering ôftwingt as de Ofslútdyk sels.

(2) Foar mear as in miljard euro is en wurdt der yn De Nije Ofslútdyk ynvestearre. It is yn syn omfang in prestizjeus projekt om de út 1932 datearjende daam troch de wylde Sudersee te renovearjen en op in protte plakken te ferheegjen om sa in feilige buffer te wêzen tsjin de hege weagen fan de Waadsee by stoarmwaar. Tagelyk is it de ynset om him mear fan dizze tiid te meitsjen en flaters by de oanlis yn it ferline rjocht te breidzjen.

(3) De nije fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk is foar yngenieurs in keunstwurk fan dizze tiid, mar ek foar lânskipsarsjitekt en keunstner Bruno Doedens. Yn opdracht fan it projekt De Nije Ofslútdyk hat er op in eigen wize keunst mei dit sivyltechnyske projekt ferbûn. It giet hjir om de ferbylding fan de fisken dy’t op en del swimme tusken de sâlte Waadsee en it swiete wetter fan de Iselmar. Hy giet daliks werom nei de kearn: “De fiskmigraasjerivier is op himsels al in keunstwurk. In gat yn de dyk! Dat is echt hiel bysûnder, want it stiet heaksk op wat de minske eins wol.”

(4) Al tsien jier is de Amsterdamske keunstner dwaande mei dit bysûndere projekt. It is keunst yn de iepenbiere romte en soks om-en-de-by ien fan de meast ikoanyske eleminten dy’t Nederlân ryk is. De Waadferiening wie anneks mei de seleksje fan de keunstners en úteinlik is Bruno Doedens útkeazen om dêrmei oan de slach te gean. “Fan it begjin ôf is men by alle grutte plannen foar De Nije Ofslútdyk belutsen. Dat makket it yntins.”

(5) “It draait om it fertellen fan ferhalen”, is de útlis. “De útdaging wie om de wrâld fan de fisken sichtber te meitsjen en belibje te litten. Mar it is ek it ferhaal dat wy as minsken it oars dwaan moatte yn de relaasje mei de natuer.” In fjild oan fisken is te sjen by it paad del ûnder de autosneldyk A7 troch. De tolve soarten dy’t wichtich fûn wurde, binne ôfhinklik fan in frije trochgong fan swiet nei sâlt wetter en oarsom. Se hawwe om dy reden in plakje yn it gat yn de dyk. It binne gjin echte fisken, mar eksimplaren mei moderne middels makke.

(6) “Wy printsje de tolve fisksoarten dy’t de fiskmigraasjerivier it meast brûke sille yn 3D en meitsje se op de muorre fêst”, leit Bruno Doedens út. “Mei it plak dêr’t sy weikomme en dêr’t sy hinne geane, ynklusyf it tal kilometers tusken dat plak en de Ofslútdyk. Sa krije besikers in byld by de somtiden ûnbidige ôfstannen dy’t migrearjende fisken ôflizze.” Soks docht jin de skilen fan de eagen fallen. Nim de iel dy’t yn de Fryske marren wêze wol om grut te wurden, mar werom nei de Sargassosee by Bermuda op ’en nij 6000 kilometers swimt en ûnderweis hûnderten tûkelteammen lykas diken en slûzen tsjinkomt.

(7) Sintraal stiet De Blije Vis. Dat keunstwurk lit neffens Bruno Doedens sjen wat dizze fiskmigraasjerivier docht: fisken bliid meitsje. “It is wichtich foar it ferhaal fan dit plak. As antwurd op in wichtige fraach: wêr dogge wy dit no foar? It gat yn de dyk is in symboal foar de needsaak foar noch mear gatten yn diken.”

(8) Eins is it gat yn de Ofslútdyk yn de fyzje fan Bruno Doedens in moai foarbyld fan de omslach fan ‘antroposeen’³⁾ nei ‘symbioseen’⁴⁾. Mei de oanlis fan de daam troch de Sudersee hawwe de minsken de natuer nei harren hân set. No is it de tiid dat de minsken meibewege mei de natuer en dêrmei yn it lykwicht binne. “Der is in nij tiidsbyld, dêr’t wy de balâns tusken de minske en natuer yn weromfine.”

(9) Safolle ljocht skynt der figuerlik op de Ofslútdyk dat it keunstprojekt fan Daan Roosegaarde hast yn it skaad komt te stean. De slûstuorren oan it begjin en de ein fan de Ofslútdyk krije prachtige kontoeren as yn de tsjustere nachten de reflektearjende banen opljochtsje yn it skynsel fan de lampen fan de auto’s dy’t der op oanride. De betonnen kolossen krije sa elegânsje, presys op it momint dat autoriders deroan foarby ride. Dêrnei is de nacht wer tsjuster mei inkeld strieljende stjerren, de moanne en fierderop de toplampen fan wynmolen.

(10) Yn it ramt fan it keunstprojekt Icoon Afsluitdijk hat Daan Roosegaarde fan Rykswettersteat opdracht krigen om ien en oar yn it ljocht te setten. It ûnderdiel Lichtpoort bestiet sûnt 2017, it begjinjier fan it wurk oan De Nije Ofslútdyk. Twa oare ûnderdielen – Glowing Nature en Windvogels – wiene tydlik. It earste wie in ynstallaasje mei miljarden opljochtsjende blauwe algen yn it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân, by it oare gie it om trije swevende draken mei grien ferljochte kabels yn Den Oever.

(11) It mocht wat kostje. Foar trettjin miljoen euro hat Daan Roosegaarde syn ljochtprojekten makke. De ynspiraasje kaam fan fladderjende flinters: guon hawwe wjukken dy’t yn de nacht yn it ljocht reflektearje. In fynst fansels, want soks soe de minske wol faker brûke kinne. Frijwat strjitlantearnen soene oerstallich wurde kinne. Op de ikoanyske Ofslútdyk ûntstiet ynienen in futuristysk lânskip. It set oan ta neitinken om dingen krekt oars te dwaan. Sa bringt keunst yn de romte ek oaren op moaie gedachten.

(12) As it oan Maree Blok en Bas Lugthart lein hie, dan hie der in mânske skulptuer fan in bûgende minske op de Ofslútdyk stien. De byldzjend keunstners út it Grinzer Onderdendam hiene it byld fan sa’n santjin meter heech betocht om sa alle reizgers op wei nei Fryslân wolkom te hjitten. “Tige ambisjeus”, sjocht Bas Lugthart werom op harren idee.

(13) It is 2016 as Maree Blok en Bas Lugthart mei harren ûntwerp foar it deiljocht komme. Sy hawwe dan hjir en dêr al ferskillende keunstwurken yn de iepen romte delset. Dêrta heart it Alvestêdemonumint It sil heve mei tegels fan de riders op de brêge yn de wei tusken Gytsjerk en Miedum, en op De Jouwer it keunstwurk It grutte gesicht as fontein dy’t út de slaggen fan it hier it wetter spuitsje lit. De oprop doedestiids oan keunstners om mei suggestjes te kommen foar in wolkom by de tagongsdiken nei Fryslân, like in kâns om mei te dwaan as opmaat nei Fryslân as kultureel middelpunt fan Europa.

(14) De keunstners seagen it al hielendal sitten: oer de Ofslútdyk soene de autoriders al fan grutte ôfstân it keunstwurk Wolkom sjen. Tichterby wurdt it dan in ymposante skulptuer. It binnenkommen fan Fryslân draait neffens harren sa út op in bysûnder momint: it is de entree nei it gebiet fan de legindaryske frijheidsstrider Grutte Pier, dy’t foar de frijheid fan de Friezen tsjin de greven fan Hollân striden hat. Djip bûgend liket it reuseftige minskfiguer in hertlik wolkom te jaan. Ek as it tsjuster is, want dan soe út de mûle in ljochtskynsel op it swarte asfalt delkomme en dêr it wurd ‘Wolkom’ projektearje.

(15) Sjoch dan ris nei wat der al stiet om en by de Ofslútdyk. Om te tsjûgjen fan al it bealgjen dat nedich west hat foar de Ofslútdyk stiet ticht by it Vlietermonument it keunstwurk De Steenzetter. It mânselhege, yn brûns getten byld is op 28 maaie 1982 ûntbleate troch keninginne Beatrix⁵⁾, om stil te stean by it momint dat presys fyftich jier earder om 13.02 oere it lêste gat yn de dyk tichte waard en Grietje Bosker⁶⁾ as earste frou oerstuts. Keunstner Ineke van Dijk hat it byld makke as earbetoan oan al dy minsken dy’t harren hjir de lea stikken wurken. Of eins is it troch har twa kear makke, want it 200 kilogram swiere keunstwurk is yn 1984 stellen om foar in pear luzige sinten earne yn in smeltkroes wei te wurden. Ineke van Dijk koe soks net ferneare en hat yn in moai brief oan de minister frege om it byld op ’en nij meitsje te meien. In jier letter stie dêr wer De Steenzetter. Moaier, fûn de keunstner sels. En daliks wie der in primeur, want it waard it earste byld yn de iepenbiere romte mei in elektroanyske befeiliging.

(16) Noch bekender is it stânbyld fan ir. Cornelis Lely, makke troch Mari Andriessen en by it berikken fan it hûndertste bertejier fan de betinker fan de Ofslútdyk yn 1954 troch keninginne Juliana⁷⁾ ûntbleate. Earst hie it mânske byld fan brûns syn plak by de Simon Stevinslûzen by Den Oever. By gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk yn 2007 is it keunstwurk ferhuze nei it plak by it Vlietermonument, krekt dêr wêr’t dat lêste gat yn de dyk yn 1932 tichte waard.

(17) Sa’t doe wichtich wie dat de dyk gjin gat hawwe soe, sa is it no hast in iuw letter fan belang dat der wer in gat yn de dyk sit, oars as fan de slûzen. It wetter kin fan swiet nei sâlt en oarsom. En de fisken kinne mei, sûnder dat se rare keunsten úthelje moatte mei sokssawat as in trep. It libbenswurk fan Cornelis Lely hat in ferbettering krigen, no’t de fisken wer frij yn en út swimme kinne. Al dy tiid hat it duorre ear’t der wat dien is oan de ekologyske wreedheden dy’t mei de oanlis fan de Ofslútdyk realisearre binne.

Bert de Jong, de Moanne, febrewaris 2024

noot 1 Levvel-stiennen wage likernôch 6500 kg it stik, binne tige sterk, hawwe in weachremjende wurking en binne ienfâldich te pleatsen.

noot 2 Maurits Cornelis Escher (1898-1972) wie in Nederlânske keunstner dy’t bekend is om syn houtfiken, houtgravueres en litografyen dêr’t er faak yn spile mei wiskundige prinsipes.

noot 3 It wurd ‘antroposeen’ (Gryksk: ‘anthropos’) tsjut derop dat de minske aktyf is by it ûntstean fan eat.

noot 4 It wurd ‘symbioseen’ (Gryksk: ‘sumbiose’) wol sizze dat der in gearwurking is tusken minske, natuer en technology.

noot 5 Prinses Beatrix (1938-) wie fan 30 april 1980 oant en mei 30 april 2013 Keninginne fan de Nederlannen.

noot 6 Grietje Bosker wie fan it begjin ôf belutsen by de bou fan de Ofslútdyk, om’t har broer as oannimmer belutsen wie. Doe’t it lêste gat tichte waard, begûnen skipssirenes en stoomfluiten te toeterjen. Grietje Bosker koe har net ynhâlde, se die de skuon en hoazzen út, tilde har rokken op en stuts de Ofslútdyk oer. It byld helle it lanlike nijs. noot 7 Prinses Juliana (1909-2004) wie fan 4 septimber 1948 oant en mei 30 april 1980 Keninginne fan de Nederlannen.

De teksten die voor dit examen gebruikt zijn, zijn bewerkt om ze geschikt te maken voor het examen. Dit is gebeurd met respect voor de opvattingen van de auteur(s). Wie kennis wil nemen van de oorspronkelijke tekst(en), raadplege de vermelde bronnen.

Het College voor Toetsen en Examens is verantwoordelijk voor vorm en inhoud van dit examen.

Ynliedende sinnen boppe in tekst kinne ûnder mear de folgjende funksjes hawwe:

I de ferklearring fan de titel

II de formulearring fan de probleemstelling

III de formulearring fan in karakterisearring

IV de formulearring fan in oardiel

V in gearfetting fan de tekst foarôf

Vraag 16 1 punt

Hokker funksjes passe by de ynliedende sinnen boppe de tekst?

  1. A I, II en III
  2. B I, II en V
  3. C I, III en IV
  4. D II, III en IV
  5. E II, IV en V
  6. F III, IV en V
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

De ynlieding boppe de tekst is op te dielen yn twa parten, nammentlik “In giseljende … iepenbiere romte.” en “En dochs … en hichtepunten.”

Vraag 17 1 punt

Wat is it ferbân tusken dy twa parten?

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in redenjaand ferbân.
  3. C It is in tsjinstellend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

“De Ofslútdyk is as in lange nâlestring tusken Fryslân en Hollân”. (r. 1)

Vraag 18 1 punt

Hokker byldspraak wurdt dêr brûkt?

  1. A ferliking
  2. B metafoar
  3. C metonymia
  4. D personifikaasje
Bekijk het antwoord

Antwoord: B

B

Vraag 19 2 punten

Om hokker redenen wurdt der yn de Ofslútdyk ynvestearre?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

− Om de Ofslútdyk te renovearjen. (r. 10 en 11)

− Om de dyk te ferheegjen. / Om der in feilige buffer fan te meitsjen (tsjin de hege weagen fan de Waadsee by stoarmwaar). (r. 11-13) − Om de Ofslútdyk mear fan dizze tiid te meitsjen. (r. 13 en 14) − Om flaters út it ferline rjocht te breidzjen. (r. 14 en 15) of

Om de fiskmigraasjerivier oan te lizzen. (r. 130-134)

indien vier antwoorden goed (2)

indien drie antwoorden goed (1)

indien minder dan drie antwoorden goed (0)

“‘Dat is echt hiel bysûnder, want it stiet heaksk op wat de minske eins wol.’” (r. 22 en 23)

Vraag 20 2 punten

Lis de tsjinstelling út dêr’t Bruno Doedens op doelt.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • De minske wol dat in dyk ticht is om sa it lân te beskermjen, (r. 22 en 23) (1)
  • mar no wurdt de dyk krekt wer iepen makke (sadat de fisken dertroch swimme kinne). (r. 6-8) (1)

“Soks docht jin de skilen fan de eagen fallen.” (r. 42 en 43)

Vraag 21 1 punt

Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer mei dat stylfiguer sizze wol.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

De skriuwer bedoelt dat minsken komme te witten hoefolle kilometers oft migrearjende fisken ôflizze. (r. 40-42)

Vraag 22 1 punt

Wêrom makket de fiskmigraasjerivier de “fisken bliid”? (r. 48)

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Om’t de fisken troch de fiskmigraasjerivier wer frij fan swiet nei sâlt wetter kinne en oarsom. (r. 34 en 35)

“de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’.” (r. 53)

Vraag 23 1 punt

Lis út hoe’t de omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’ sichtber is by De Nije Ofslútdyk.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

(De omslach fan ‘antroposeen’ nei ‘symbioseen’ is sichtber by De Nije Ofslútdyk) om’t de fisken mei de fiskmigraasjerivier wer mear romte (fan de minske) krije.

Vraag 24 1 punt

Hokker stylfiguer brûkt de skriuwer yn de sin “Safolle ljocht … te stean.”? (r. 58 en 59)

  1. A eufemisme
  2. B hyperboal
  3. C sarkasme
  4. D wurdboarterij
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 25 1 punt

Hokker stylfiguer wurdt twa kear brûkt yn de sin “Dêrnei is de nacht wer tsjuster mei inkeld strieljende stjerren, de moanne en fierderop de toplampen fan wynmolen.”? (r. 63-65)

Bekijk het antwoord

pleonasme

“Op de ikoanyske Ofslútdyk ûntstiet ynienen in futuristysk lânskip.” (r. 78 en 79)

Vraag 26 1 punt

Wêrom makket de skriuwer hjir gebrûk fan it wurd ‘futuristysk’?

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

(De skriuwer brûkt it wurd ‘futuristysk’) omdat it sa noch nea earder dien is, dus it liket wat út de takomst.

of

It spul docht oan as soe it noch nea bestean kinne.

Vraag 27 1 punt

Hokker ferbân stiet yn de earste sin fan alinea 17?

  1. A It is in ferlykjend ferbân.
  2. B It is in opsomjend ferbân.
  3. C It is in tsjinstellend ferbân.
  4. D It is in útlizzend ferbân.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Vraag 28 1 punt

Lis yn eigen wurden út wat de skriuwer bedoelt mei ‘ekologyske wreedheden’. (r. 133)

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

Dat de natuer fersteurd is troch it bouwen fan de Ofslútdyk.

Opmerking

Een antwoord met de strekking dat de vissen niet vrij in en uit konden zwemmen omdat er geen gaten in de Afsluitdijk zaten, mag ook goedgerekend worden.

Vraag 29 2 punten

Beskriuw de tsjinoerstelde fyzje by it meitsjen fan De Steenzetter en De Blije Vis.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

  • De Steenzetter is makke om’t it lêste gat yn de dyk tichte waard (r. 107-110)/om stil te stean by it moment dat presys fyftich jier earder it lêste gat yn de dyk tichte waard, (r. 107-110) (1)
  • en De Blije Vis is just in gat yn de dyk (dat in symboal is foar de needsaak foar noch mear gatten yn diken). (r. 47-51) (1)

De volgende inleiding hoort bij de vragen 30 en 31.

Oan de tekst kinst de folgjende tuskenkopkes tafoegje: ‘gat’, ‘wolkom’, ‘ljocht’, ‘earbetoan’, ‘symbioseen’.

Vraag 30 1 punt

Boppe hokker alinea’s kinst it tuskenkopke ‘ljocht’ pleatse?

Bekijk het antwoord

(alinea’s) 9, 10 en 11

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als alle drie alinea’s goed zijn.

Vraag 31 1 punt

Boppe hokker alinea‘s kinst it tuskenkopke ‘earbetoan’ pleatse?

Bekijk het antwoord

(alinea’s) 15 en 16

Opmerking

Het scorepunt alleen toekennen als beide alinea’s goed zijn.

Let op: de laatste vragen van dit examen staan op de volgende pagina.

Vraag 32 1 punt

Jou de ferklearring fan de titel fan de tekst yn eigen wurden wer.

Bekijk het antwoord

De kern van een goed antwoord is:

De Ofslútdyk is in keunstwurk en op en om de Ofslútdyk hinne stean keunstwurken (dy’t te krijen hawwe mei de Ofslútdyk).

of

De nije fiskmigraasjerivier/It gat yn de Ofslútdyk is in keunstwurk (r. 16 en 17) en Bruno Doedens makket keunst dy’t dêr in plak yn krijt (r. 16-19)/3D fisken dy’t in plak krije yn de nije fiskmigraasjerivier/it gat. (r. 38 en 39)

In skriuwer kin by it skriuwen fan teksten gebrûk meitsje fan:

1. feiten

2. syn eigen miening

3. mieningen fan oaren

Vraag 33 1 punt

Wêr hat de skriuwer fan dizze tekst gebrûk fan makke?

  1. A fan 1 en 2
  2. B fan 1 en 3
  3. C fan 2 en 3
  4. D fan 1, 2 en 3
Bekijk het antwoord

Antwoord: D

D

Vraag 34 1 punt

Wat foar tekstsoarte is ‘Keunst mei keunstwurken’?

  1. A It is in redenearring.
  2. B It is in skôging.
  3. C It is in útiensetting.
Bekijk het antwoord

Antwoord: C

C

Bron: College voor Toetsen en Examens, centraal examen vwo Fries 2026, tijdvak 1. Figuren en de exacte opmaak staan in het originele examen.

Andere examens Fries vwo

Veelgestelde vragen

Hoeveel vragen heeft het eindexamen Fries vwo 2026, tijdvak 1?

Het centraal examen Fries vwo 2026, tijdvak 1 telt 34 vragen. Alle vragen vallen onder lezen.

Wat zijn de antwoorden van het examen Fries vwo 2026, tijdvak 1?

Op deze pagina staat bij elke vraag het antwoord uit het officiële correctievoorschrift van het College voor Toetsen en Examens, met de punten per onderdeel. Bij meerkeuzevragen staat de juiste letter erbij.

Waar vind ik het correctievoorschrift van Fries vwo 2026, tijdvak 1?

Het correctievoorschrift staat op examenblad.nl, de site van het College voor Toetsen en Examens (https://www.examenblad.nl/2026/vwo/documenten/cse-1/vw-1017-a-26-1-c).

Hoe oefen ik met het examen Fries vwo 2026, tijdvak 1 en krijg ik feedback?

Vraag je docent om het examen als oefentoets klaar te zetten in ToetsChecker. Je maakt het op papier of online, en het AI-model kijkt het na volgens het correctievoorschrift, met feedback per vraag. Je docent geeft het resultaat daarna vrij.